Fryslân leit der wat de diken oanbelanget kreas by en is foar de kommende jierren eins wol sa'n bytsje klear. De FNP is dan ek gjin foarstanner fan in nije dyk tusken Snits en Ljouwert. Utsein wat oanpassings hjir en dêr yn it ramt fan ferkearsfeiligens foarsjogge wy gjin grutte projekten foar de kommende perioade fan fjouwer jier. Wat de farwegen oanbelanget moatte de brêgen fan it Prinses Margrietkanaal gau by de tiid brocht wurde troch Rykswettersteat. Nije grutte farwegen binne yn Fryslân net nedich. De kosten fan sokke grutte ynvestearringen leverje te min rendemint op en hawwe in negative impact op ús lânskip. Wy bliuwe skerp op in goede berikberens fan ús eilannen.
Lânskiplike kosten Lelyline wage net op tsjin de baten
In oar grut projekt dat spilet en mooglik noch mear opspylje sil is de saneamde Lelyline. In snelle spoarferbining tusken de Rânestêd, it noarden fan Nederlân en de rest fan Europa. Fryslân fertsjinnet in goede ferbining, mar de kosten foar ús lânskip en de keppeling dy't yn de plannen lein wurdt mei grutskalige huzebou soargje derfoar dat de FNP gjin foarstanner is. Der moat útgien wurde fan wêr't Fryslân sels ferlet fan hat. De FNP is dan ek tsjin de komst fan in snelle spoarferbining ûnder dizze betingsten.
Takomstbestindige struktuer foar it iepenbier ferfier
Nije mobiliteit en benammen it fraachstik fan it iepenbier ferfier sille de kommende jierren op in oare wize besjoen wurde moatte. Sûnder substansjele ekstra bekostiging fan it Ryk foar it iepenbier ferfier as saak fan algemien belang sil it ûnmooglik wurde om it busferfier sa't wy dat no kenne oerein te hâlden. De FNP fynt it berikber hâlden fan it plattelân uterst wichtich foar in leefber plattelân en wol dêrom ynsette op in betrouber en robúst netwurk fan haadferbiningen. Alle plakken yn Fryslân moatte in foarm fan tagong hawwe ta dit netwurk. Mei de opkomst fan de elektryske fyts binne koartere ôfstannen makliker te oerbrêgjen as earder. Dat betsjut ek dat der goede fytsestallings nedich binne en mooglikheden om akku's op te laden. Yn gearwurking mei de gemeenten sille wy dat ynfolje moatte. Minsken dy't minder mobyl binne, moatte de mooglikheid hawwe om by de haadferbiningen te kommen. Yn de takomst binne der gjin grutte lege bussen mear mar komt der mear maatwurk. Mei in robúst systeem en in nije fisy op mobiliteit bliuwt de tagong ta iepenbier ferfier en de leefberens oerein.
Lânlik sjogge wy in (fernijde) diskusje ûntstean oer it saneamde rekkenriden. Foar de FNP is dúdlik dat de ôfstannen dy't minsken yn Fryslân ôflizze (moatte) oer it generaal grutter binne en dat betroubere alternativen minder oanwêzich binne as bygelyks yn it westen fan Nederlân. Dat betsjut dat wy fine dat de ynwenner fan Fryslân net de dupe wurde meie fan in nij systeem.