Yn Fryslân rêde wy dermei. Al jierren docht bliken dat de ynwenners fan Fryslân ta de meast lokkige ynwenners fan Nederlân hearre. De wize wêrop't wy hjir mei elkoar omgean en ek ús sosjale ynfrastruktuer leverje dêr in positive bydrage oan. Wy geane út fan in iepen mienskip dy't gastfrij en respektfol omgiet mei oare kultueren en libbenswizen. De FNP wol alle stipe jaan oan nije ynwenners om harren diel út meitsje te litten fan de Fryske mienskip en kultuer. De lêste jierren is der troch de ynset fan de FNP miljoenen ynvestearre yn mienskipsbelied. Sa hat tsjinwurdich eins hast elts plak of wyk in fatsoenlik moetingssintrum yn de foarm fan in doarpshús, wyksintrum of MFA. Wy sjogge dat it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje in wiere oanjei-funksje hân hat. Dêr wolle wy mei trochsette. It is de ferbining dy't minsken hjir noch mei elkoar hawwe, dy't it libben kleur jout.
In deputearre foar de jongerein
Fierder pleitet de FNP foar in deputearre foar de jongerein. Jongerein en starters moatte as se dat wolle wer werom komme kinne nei it heitelân. Elkenien moat de kâns krije om ynwenner fan Fryslân en Fries te wurden.
Derneist wol de FNP romte jaan oan lokale inisjativen om doarpen en plakken ek foar jongerein leefber en oantreklik te hâlden. Sa moat der in leechdrompelige subsydzjeregeling komme foar lytse inisjativen en foar lytse ûndernimmers. Dêrmei kinne aktiviteiten stimulearre wurde dy't it libben kleur jouwe en foar ferdivedaasje soargje. Tink bygelyks oan bootcamps, sup-skoallen, personal training ensafuorthinne.
Ien leefberens loket - It hûs fan de mienskip
Neffens de FNP wurdt it tiid foar in nije stap. De FNP wol de kommende jierren ta op in breed provinsjaal leefberens-loket. Der binne yn Fryslân gâns organisaasjes dy't de Fryske mienskip op ferskillende wizen stypje: organisaasjes lykas Doarpswurk, Keunstwurk, Sport Fryslân en Fryslân Pop. Dy hawwe kennis en kunde dy't net ferlern gean mei. Wy wolle de kommende jierren brûke om te kommen ta ien gearwurkings-organisaasje dy't al dy kennis en kunde by inoar bringt en boarget. It moat op dy wize folle makliker wurde foar ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes om soepel en fluch mei fragen of ideeën dêr te lâne te kinnen. Sketten der tusken út en op nei ien loket, mei as doel dat it wurk dat de organisaasjes dogge duorsum bestean bliuwe kin.
Wy wolle binnen it evenemintenbelied, by it oanfreegjen fan fergunningen, help biede by it omgean mei de beheiningen troch de natuerwet- en regeljouwing. Organisatoaren fan kulturele aktiviteiten, sporteveneminten, doarpsfeesten of ferienings moatte dêr soepel holpen wurde. Somtiden is it papierwurk foar sokke aktiviteiten in poepetoer; dat moat oars. Minder benaud wêze foar juridyske problemen en mear hannelje nei de geast fan de wet.
Boppedat wol de FNP dat der in ûnderhâldsfûns komt foar doarpshuzen, wyksintra en oare moetingsromtes. Dit fûns moat fold wurde yn gearwurking mei gemeenten. Ek de ferduorsuming fan dy gebouwen moat hjir in plak yn krije.
In oar aspekt wêr't de FNP soarch oer hat is it tal frijwilligers. Dêrom komt der fanút it leefberensloket in stipefunksje om foar de moetingsromtes te kommen ta in goede organisaasjestruktuer, passend by dizze tiid. Yn dat ljocht sil de funksje fan de moetingssintra ek in plus krije kinne. As wurkplak bygelyks, of om dêr te studearjen. In mear sintrale funksje foar de wyk of doarp, ek oerdeis. Rap ynternet (glêstried) rûnom yn Fryslân is dêrfoar in betingst. Wy sprekke de ambysje út dat Fryske doarpshúzen en MFA's yn 2024 twa kear sa folle iepen binne as yn 2022.
Lokaal as betingst foar in ryk ferieningslibben
As lêste punt sil der in bewustwurdingskampanje komme oer de skaad-effekten fan de flugge ekonomy fan hjoed-de-dei. Ek yn Fryslân dûke de saneamde flitsbesoargers oeral op. Op guon plakken kin it de leefberens miskien fergrutsje, mar de loyaliteit fan de FNP leit by de lokale ûndernimmers. De kampanje sil ynsette op it lokaal keapjen fan ús guod en dêrmei stipe jaan oan de lokale ûndernimmers, dy't mei sponsorjilden en oare help faak oan de woartel stean fan ús ferieningen, klups en ferdivedaasje. Yn in tiid dat alles fluch moat, mei hjir mear omtinken en wurdearring foar wêze.
It lân fan de topsport!
Mei de Nederlânske reedriidtimpel (Thialf), in moaie reedriidbaan yn Ljouwert (Alvestêdehal), twa betelle fuotbalklups (Cambuur en It Hearrenfean), de âldste sportwedstriid fan it lân (de PC yn Frjentsjer) en ús eigen sporten (benammen keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen) is Fryslân bysûnder. By de measte sporten hat de Provinsje Fryslân gjin rol fan betsjutting. Wat de Fryske sporten oangiet leit der wat de FNP oanbelanget al in ferantwurdlikheid.
De tiid dat de provinsje djoere hurdfytswedstriden nei Fryslân helle is foarby. De FNP wol dat jild brûke foar de fuortsterking fan ús Fryske sporten en fan de sportynfrastruktuer.
In jier lang fergees sporte foar bern
De FNP wol de kommende jierren it plak fan dizze sporten binnen it bewegingsûnderwiis ek oanjeie. Dêrneist wol de FNP in fûns wêrmei't ús jongste ynwenners as sy sân jier wurde in jier lang fergees lid wurde kinne fan de lokale sportferiening. Tegearre mei de koepelorganisaasjes fan de Fryske sporten wol de FNP in programma op poaten sette om praktisearjende sporters yn it basis- en middelber ûnderwiis yn te setten mei as doel dat mear jongerein lid wurde sille en dêrnei aktyf dy sporten beoefenje.