It is sa njonkelytsen twa jier lyn dat it fytspaad Hegesylsterwei oplevere is. It giet om in stikje fan ûngefear 300 meter, dêr't Doarpsbelang Tsjummearum/Furdgum sa'n tweintich jier om frege hie. Troch gemeente Waadhoeke (foarhinne gemeente Frjentsjerteradiel) en de provinsje is yn 2017 de ôfspraak makke dat de kosten 50/50 ferdield wurde soene. De gemeente waard oanwiisd as projektlieder. Hoewol it fytspaad binnen de beboude kom fan Tsjummearum leit, is der gjin strjitferljochting.
De gemeente Waadhoeke hat op in twatal punten mobile ferljochting pleatst. It giet om diselgenerators mei led-skynwerpers. Dizze ferljochtsje mar in hiel lyts part fan de ryddyk en it fytspaad. Tusken de ljochtpunten en it stik op nei de fêste strjitferljochting dy 't by De Kamp ophâldt, is it by nacht roettsjuster.
Op it stuit is it sa dat by de yngong fan it doarp fan it suden út in fersmelling yn de dyk is. Dy fersmelling is net ferljochte. It earste ljochtpunt is sa'n 46 meter fierderop. Foar ferkear dat it doarp ynride wol leveret ien en oar in ferriederlike en dus gefaarlike sitewaasje op. Fierder is it sa dat it fytspaad net goed ferljochte is. Dit leveret foar fytsers en oare brûkers fan it fytspaad in ûnfeilige sitewaasje op, sawol wat de ferkearsfeiligens oanbelanget as gefoelsmjittich.
De FNP Steatefraksje wol witte wat it kolleezje der oan dwaan sil om dizze ûnfeilige situaasje op koarte termyn op te lossen, wat de kosten dêr foar binne en wa't dy betelje moat?