Minister Harbers sei juster: ‘De overheid wil alleen weten hoeveel kilometer er is gereden, niet op welke plaats en op welk tijdstip.'
Foar de minister makket it aanst net út wêr't jo binne of wannear't jo ride, der komt ien taryf yn 2030. Dat betsjut dat in kilometer yn de Rânestêd likefolle koste sil as op it plattelân. En dat wylst yn de regio de foarsjenningen werom rinne en it iepenbier ferfier ôfbrutsen wurdt. Feitlik is it sa, dat yn de regio dêrtroch folle mear kilometers makke wurde mei de auto, omdat der gjin reëel alternatyf is. In grutte mearderheid fan de Steaten fan Grinslân hat him dêrom earjuster al tsjin it rekkenriden útsprutsen.
It foarstel is ûnearlik. Op dy wize jeie jo de minsken nei de stêden ta, en soargje jo derfoar dat de leefberens fan itt plattelân ûndergroeven wurdt.
Wij, plattelânsbewenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte oant yn de Achterhoek en fan Seelân oant yn Limburch, tekenje protest oan. Wij freegje elkenien om ús petysje te stypjen en wij freegje oare politike partijen om har by ús aksje oan te sluten.
Link nei de petysje: Laat rekeningrijden niet ten koste gaan van regio en platteland - Petities.nl