NIJS   27-04-2022


FNP, PvdA, ChristenUnie en CDA wolle debat oer ferskraling iepenbier ferfier

De Steatefraksjes fan FNP, PvdA, ChristenUnie en CDA wolle op koarte termyn in debat oer de driigjende ferskraling fan it iepenbier ferfier yn Fryslân. Se hawwe grutte soarch dat it iepenbier ferfier yn de provinsje fierder útklaaid wurdt en dêrtroch de leefberens fan Fryslân slim efterút gean sil. Sy wolle dêrom op koarte termyn yn de Steaten in iepen en earlik debat oer de takomst fan it iepenbier ferfier yn Fryslân fiere.

Yn de Ljouwerter Krante jout deputearre Avine Fokkens oan dat hja moedeleas wurdt fan alle tsjinslaggen mei it iepenbier ferfier yn Fryslân. Legere reizgersynkomsten en hegere enerzjykosten kinne net oars as ta in soberder iepenbier ferfier liede, sa liet de deputearre yn de krante optekenje.

 

Op 26 april hat it kolleezje fan deputearre steaten twa brieven oan de Steaten stjoerd: ien oer de effekten fan de koroana-pandemy op it ferfier yn 2021 en op de langere termyn en ien oer de stiigjende prizen foar enerzjy, dy't yn oerienstimming mei de kontrakten mei de ferfierder trochberekkene wurde oan de provinsje. Foar 2021 giet it dêrby al om 2,2 miljoen ekstra op in bedrach fan 52 miljoen euro. Foar 2022 doart it kolleezje noch gjin foarsizzing te dwaan, mar sil it grif net minder wurde.

 

It iepenbier ferfier wurdt bekostige troch de reizgersynkomsten en troch de provinsje, dy't foar dy taak in útkearing kriget fan it Ryk. It mei net sa wêze dat de finansjele risiko's troch de pandemy en de hegere enerzjykosten allinne troch de provinsje drûgen wurde. De partijen binne fan miening dat de ynwenners fan Fryslân rjocht hawwe op goed iepenbier ferfier, krekt as minsken dy't op oare plakken fan Nederlân wenje.



Downloads:
Fersyk ynterpellaasjedebat


Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer