NIJS   12-01-2022


FNP wol Fryske solidariteit en stipe yn striid Grinzers

Mei ferbjustering hawwe wy de lêste dagen sjoen hoe’t it regear omgiet mei de ynwenners fan Noard-Nederlân dy’t it maleur hawwe dat se boppe it Grinzer gasfjild wenje, ien fan de wichtichste ynkommensboarnen fan Nederlân. Op tongersdeitejûn liet it regear witte dat de gaswinning dit jier ferdûbele wurde moat mei as logysk gefolch mear skea. En moandei stienen tûzenen Grinzers yn de kjeld of efter it byldskerm oeren lang yn de rige te wachtsjen om oanspraak te meitsjen op in saneamde subsydzje fan 10.000 euro foar ‘ferduorsuming en ferbettering.’ Foar in soad minsken sûnder resultaat.

Dy subsydzje is ynsteld omdat de oerheid der al jierren net yn slagget om de skea ôf te hanneljen dy't ynwenners hawwe as gefolch fan de gaswinning. Wittende dat sa'n 53.000 húshâldens yn oanmerking komme, wie der mar foar 22.000 húshâldens jild beskikber steld. Wa betinkt soks no?

 

Betrouwen op absolút djiptepunt

Je soene hast tinke dat Minister Blok ein ferline jier in priisfraach útskreaun hat om in plan út te wurkjen om by syn fertrek it betrouwen van de Grinzers nei it absolute nulpunt ta te bringen. En nei docht bliken út sifers fan it CBS, is dat betrouwen yn de polityk in de Grinzer en Fryske gemeenten wêr't in soad gas oppompt wurdt al lange tiid it leechste fan Nederlân.

 

De redenen dy't it regear oanhellet foar de needsaak fan ekstra gaswinning binne in toanbyld fan de ynkompetinsje en brek oan fyzje fan de eardere regearingen Rutte. In pear moannen lyn wie it de minister blykber noch net bekend dat de opslachlokaasjes fold wurde moasten. En ja, de koroanakrisis hat syn effekt op de bou fan it stikstoffabryk by Súdbroek. Mar de echte reden van de fertraging is dat it regear de bou fiif jier lyn net nedich fûn. Oars hie dat fabryk al yn 2020 produksje draaid.

 

Leverings-wissigens, dat is it tsjoenderswurd wêrmei't it regear ús Noardelingen hieltyd wer witte lit dat ús ûnfeiligens, skea en oerlêst der minder ta dogge. Underwilens fertsjinnet Nederlân royaal oan de ferkeap fan it ekstra gas. Wy fine it ûnakseptabel dat it regear de feiligens fan ús ynwenners hieltyd mar wer minder swier weagje as de leverings-wissigens.

 

Murf slein

It Grinzer provinsjebestjoer, murf slein troch de ûnwil fan de Rutte-regearingen om de feiligens echt foarop te setten en dat te dwaan wat nedich is, wurket fia de SNN mei oan de subsydzjelotterij. Hoewol't it bestjoer striid toant en in gong nei de rjochter oerwaget, liket it him feitlik al del te lizzen by de ekstra produksje. Want al sneuvelt it gasbeslút fan it regear by de rjochter, dan sil it gas al út de grûn pompt wêze. In lobby om it ekstra fertsjinne jild yn te setten foar de skeafergoeding liket dêrom it heechst helbere.

 

Friezen skouder oan skouder mei Grinzers

Yn septimber protestearren wy mei in grut tal Grinzers by de NAM-lokaasje yn Ternaard tsjin de ûnsillige plannen fan it regear om gas te winnen ûnder de Waadsee. It nije kabinet lit noch altyd de mooglikheid iepen dat de winning trochgean sil, tsjin de winsk fan de Fryske ynwenners en oerheden yn. Wy fielden ús stipe troch de Grinzer solidariteit en neffens de siswize: better in goede buorman dan in Haachske ‘freon' fine wy dat de Fryske oerheid no skouder oan skouder mei de Grinzers stean moat. Mei ús buorlju easkje wy dat de gaswinning ôfboud wurdt yn it noarden en dat der in romhertige fergoeding fan de skea komt.

 

De nije steatssekretaris Vijlbrief krijt it net dreech om de ferwachtingen oan him en oan it nije kabinet te boppe te gean; dy binne ommers op in histoarysk leech nivo belâne. It sil dreger wêze om mei duorsume oplossingen te kommen om de púnheapen en de skea op te romjen dy't de nasjonale oerheid yn it noarden feroarsake hawwe. Dochs sil hy dêryn slachje moatte.

 

Foto: pleats yn Grinslân (boarne Wikipedia/Hardscarf)



Tags: Gas- en saltboarings, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer