NIJS   03-12-2021


FNP: Provinsje, wiis gemeenten op mooglikheden foar stjoer op wentebou

De fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten wol dat de Provinsje de gemeenten aktyf wiist op de nije lânlike mooglikheden om as lokaal bestjoer mear te stjoeren op de wenningmerk.

Yn it nijste foarstel fan demisjonêr minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren kin yn guon gefallen foarrang jûn wurde oan minsken út de eigen omjouwing. Dêrneist kinne gemeenten gebrûk meitsje fan de saneamde opkeapbeskerming. Dat betsjut dat allinnich minsken dy't echt sels yn it hûs wenjen gean sa'n hûs keapje meie.

 

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy sjogge yn tanimmende mjitte dat it foar jongerein yn Fryslân, mar ek foar trochstreamers in poepetoer wurdt om in wente te besetten. Der is grutte konkurrinsje fan minsken fan bûten Fryslân, ynvestearders en twadde wente-besitters, sa as bygelyks yn plakken as Hylpen.'

 

Mei de nijste ynstruminten kinne gemeenten de kar meitsje om de eigen ynwenners in foarsprong te jaan by it finen fan in wente. Fia in saneamde húsfêstingsferoardering kin it besit fan in twadde wente tsjingien wurde. Knol: ‘Wy sjogge dat guon gemeenten de diskusje net oan doarre of net oangean wolle. Somtiden is ek net elk op 'e hichte fan de mooglikheden. Wy wolle dat de provinsje de gemeenten aktyf op 'e hichte bringt.'

 

Hast de helte fan alle Nederlânske gemeenten nimt stappen om ynvestearders op te kearen. De FNP is fan betinken dat ek Fryslân him provinsje-breed hjirop tariede moat. Knol: ‘Wêr op it iene plak de rigels stranger wurde, sil op oare plakken de ynvestearder de romte sykje. Wy moatte sa'n wetterbêd-effekt foar sjen te kommen.' De FNP wol dat it provinsjale bestjoer sa gau as mooglik in brief nei alle Fryske gemeenten stjoere sil. 

 

 

Mear ynformaasje:

FNP-stânpunt wenje yn Fryslân en Oanfalsplan wenjen



Downloads:
Skriftlike fragen oer mooglikheden foar mear stjoer wentebou
Antwurden kolleezje fan ds op skriftlike fragen wentebou


Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer