NIJS   27-11-2021


Bloch: FNP docht ynspiraasje op by SSW yn Noarddútslân

Ofrûne wykein wie it dan sa fier. Mei in moaie ploech FNP’ers binne wy ôfset yn de rjochting fan Noard-Fryslân. Sintraal stie de besite oan en in konferinsje mei ús EFA-susterpartij de SSW, dy’t as ûnderwerp hie: ‘Hoe kinne regionale partijen meidwaan oan de lânlike ferkiezingen.’ De SSW hat ôfrûne septimber in sit bemachtige yn de Dútske Bundestag. Binnen ús eigen partij steane wy op it punt om de diskusje op ‘e nij op te pakken *. De parallellen mei de SSW wiene der op meardere flakken, mar dêr letter mear oer.



Freed: De reis, it ûntfangst en de noflike sit.
Freedtemoarn 19 novimber setten wy mei 13 man/frou ôf. Bestimming? Breklum, Noard-Fryslân, Sleeswyk-Holstein, Bûnsrepublyk Dútslân. Nei in koarte stop yn Drachten gie it fia de Deutsche Autobahn rjochting it noarden. Om goed 16.30 oere stie yn Breklum midden op de dyk immen mei in Noardfryske flagge te swaaien, it kongressintrum wie berikt. Neidat elkenien de hotelkeamers eigen makke hie, hawwe wy de jûns noflik mei-inoar trochbrocht yn Husum, de haadstêd fan Noard-Fryslân. In plak fan sa'n 25.000 ynwenners, mei in eigen brouwerij. Guon fan ús fielden har dêr tige thús. Under it genot fan wat gleskes drinken binne wy noflik yn de kunde kaam mei de SSW'ers, wêrûnder Flemming Meyer (de âld foarsitter) en Sybilla Nitsch (de fise-foarsitter). Om 23.00 oere hinne wie it moai west. Mei de wittenskip dat wy op sneon noch in drok program hiene, binne wy wer ôfset rjochting it kongressintrum.

  

Sneon: Kultuer en de konferinsje.
Sneontemoarn stie yn it teken fan kultuer. Der wie in besite oan de Frasche Rädj (de Noardfryske Ried), wêr't wy in wiidweidige útlis krigen oer hoe't de kulturele ferieningen harren mobilisearre hiene. Yn it Platdútsk en Noard-Frysk wie it measte foar ús tige goed te folgjen. Alderaardichst, al dy oerienkomstige wurden. Dêrnei hawwe wy it Nordfriisk Instituut besocht. It suske fan ús eigen Fryske Akademy. Us waard al dúdlik dat wy yn Fryslân eins befoarrjochte binne as it oer ús taal en kultuer giet. It kin fansels altyd better, mar yn fergelyk mei it Noard-Frysk hawwe wy in knappe en stevige basis stean. It pronkstik fan it ynstitút wie in gasteboek út 1837 mei de earste fermelding fan de tekst: ‘Livre düed as Slaav'. Wêr kinne wy dy ek alwer fan?

 

Rûn it middeisoere wiene wy werom yn it kongressintrum. De spanning rûn by de measten fan ús al wat op. De technyk waard it gebou ynriden, de seal waard opboud en om 14.00 oere wy it dan safier: de konferinsje koe begjinne en waard ek nochris live útstjoert fia de sosjale media fan beide partijen. Janneke de Boer en Jochum Meester soargen dat it mei de media allegear goed ferrûn. It earste panel bestie út ús eigen Frank de Boer en Flemming Meyer, de âld-foarsitter fan SSW. Fan beide kanten waar it kiessysteem útlein. Flemming Meyer makke dúdlik dat mar leafst 40% fan de stimmen op de SSW net út harren tradisjonele jachtgebiet kaam en dat oeral yn Dútslân minsken sympaty hiene en einlik hiel graach op de SSW stimme wollen hiene. Mar troch it Dútske systeem koe dat net. Allinnich de ynwenners fan Sleeswyk Holstein koene dat. It potinsjeel fan de SSW wie einliks nocht grutter west as de 55.000 stimmen dy't sy no krigen hawwe.

  

It twadde panel bestie út it nije Bundestag-lid Stefan Seidler en Sijbe Knol. Seidler wie ûnderweis nei Kopenhagen en wy fia de digitale wrâld oanwêzich. Mei de ynset om saken mear op eigen wize te regeljen en te dwaan kamen wy al gau út op de Fryske oanpak. One size fits nobody. Passend by de skaal fan de Deenske minderheid, mar lyksa ek yn ús eigen Fryslân. Op de fraach hoe't de hâlding tsjinoer Seidler wie, waard dúdlik dat hy mei iepen earmen yn Berlyn ûntfangen waard troch de oare partijen. De SSW mei 1 stuoltsje tusken al dy oare grutte fraksjes fan inkele tsientallen leden oant in pear hûndert leden ta. It waard al gau dúdlik dat meidwaan op it lânlike poadium as grutste foardiel hat dat jo de minsken dêr fiele litte kinne en bybringe kinne hoe't de wrâld derút sjocht fanút jo eigen perspektyf. Mei 60% oant 70% fan de keamerleden út de Rânestêd is dat ek foar Fryslân heech nedich. By de oare lanlike partijen komme ek kandidaten út Sleeswyk Holstein, mar sy moatte altyd konsesjes dwaan, sa sei Seidler. Dat is mei de Fryske Keamerleden net oars. Neffens Sijbe Knol binne wy echt, we FNP are the real deal: no doubt about it! De FNP is útnûge om oare jier op besite te kommen by Seidler yn de Bundestag yn Berlyn. Dy útnûging waard fansels posityf yn ûntfangst naam.


De lêste twa panels gong it oer de kampanje en de konklúzjes dy't wy út de konferinsje lûke kinne. Tsjerk Bouwhuis en Marcel van der Wal hawwe mei de SSW-PR man Per Dittrich praat oer de kampanje. De SSW hat in eigen lûd yn de kampanje brocht mei in knypeach nei it ferline. Neffens Dittrich kinne jo net méár sosjaal wêze as de sosjalisten, net méár kristlik as de Kristenen mar moatte jo útgean fan eigen krêft en it eigen lûd. Mei in Fikingskip en in geweldich moaie kampanjespot waard de oandacht lutsen (sjoch fideo: SSW Wahlspot zur Bundestagswahl 2021 - YouTube ). Yn in wike tiid krige de SSW 200 ynterviewfersiken, fan oer de hiele wrâld wei. Om de parse it gefoel fan de regio te jaan waard op in stuit de parse útnûge earne yn in útoarde yn it gebiet. Mei smoarge skuon fan de swarte klaai en smoarge klean kaam de parse oan by de SSW-presintaasje. Dittrich: ‘It was fucking amazing'. Dúdlik waard ek dat fan it momint ôf dat de SSW de ambysje útspruts, sy enoarm groeit binne, wat it tal leden oanbelanget, mar ek melden der harren nije kandidaten oan en de jongerein waard ek aktyf foar de partij. Op de fraach fan de FNP oft je earst de sifers nedich binne om de stap te meitsjen of dat dy sifers krekt tanimme troch ambysje út te sprekken, kaam it antwurd werom dat seker it twadde ek it gefal wie.

 

Om 17.00 oere hinne kaam de tige nijsgjirrige konferinsje ta in ein. Der waard dien wurk makke mei wurst, schnapps und käse. Jûns hawwe wy noch út iten west op de seedyk by Slütsiil en hawwe wy ôfskied naam fan ús (nije) freonen. Oar jier bestiet de FNP 60 jier en sil der ek in delegaasje fan har by ús op besite komme.

  

Snein: It paad werom.
Snein binne wy fia de fearboat oer de Elbe werom nei Fryslân kaam. Mei in hiel soad ynspiraasje, enerzjy, in flink tal ambassadeurs en in geweldich teamgefoel. Al mei al wie it mear as de muoite wurdich!

 

 

 

*Wêrom in nije diskusje? By de lêste provinsjale ferkiezingen barde der wat nuvers. It tal minsken dy't by de Steaten op ús stimt hawwe wie hast de helte minder as by de wetterskipsferkiezingen, 23.000 om 39.000. De diskusje gong al lang net mear oer de regio, mar oer de fraach hoe't minsken it kabinet Rutte syn mearderheid ôfpakke koene? De striid om de Earste Keamer lei in grut skaad oer de Provinsjale ferkiezingen. Yn al dat geweld mist de FNP in dúdlike line nei De Haach. Sa die ek bliken út de evaluaasje fan Jannes van der Velde ein 2019. De FNP is oeral fertsjintwurdige, oant yn de Europeeske Uny oan ta, mar is yn de wichtichste keamer fan it Nederlânske parlemint net oanwêzich. De diskusje is faker fierd en faak sifermjittich ôfwiisd. Yntusken hat it FNP-Haadbestjoer in nije wurkgroep ûndersyk dwaan litten. Lykas it heart, sille de leden fan de FNP, ús fûnemint, der úteinlik oer te set moatte.

 

**De konferinsje waard mei mooglik makke troch de stipe fan de European Free Alliance (EFA), de Europeeske partij dêr't FNP en SSW beide by oansletten binne. It projekt hat finansjele stipe ûntfangen fan it Europeesk Parlemint . De ynhâld fan it projekt/konferinsje binne de ferantwurdlikheid fan FNP,  SSW en EFA, en it Europeesk Parlemint kin net oanspraaklik steld wurde foar wat gebrûk dan ek fan de ynformaasje dy't dêrbinnen útwiksele waard.   



Bloch: FNP docht ynspiraasje op by SSW yn Noarddútslân



Downloads:
Artikel yn de ljouwerter krante: `friese vikingen


Tags: Europa, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer