NIJS   22-09-2021


Fryske tolken yn de rjochtbank

Op oanstean fan de FNP stelle ChristenUnie en D66 fragen yn de Twadde Keamer oer de kwestje mei de Fryske tolken by de rjochtbank.

"Jou de tolken Frysk in fatsoenlike fergoeding" (Sijbe Knol)

Oanlieding binne de berjochten by Omrop Fryslân dat de tolken Frysk der mei ophâlde wolle fanwege de tige meagere fergoeding fan it Ryk. Yn de Wet Gebrûk Fryske Taal  is regele dat elk by de sittingen yn de rjochtseal it Frysk brûke mei. In tolk kin dêrby stipe jaan. De fergoeding foar dizze tolk komt ornaris fan it Ryk. 

 

De FNP en de oare partijen wolle witte oft de minister op de hichte is fan de berjochten. De fraach is hoe't de minister de tolken in fatsoenlike fergoeding jaan wol. Neffens sizzen wurde heech oplate tolken somtiden mei in netto fergoeding fan € 3,56 nei hûs ta stjoerd. Sijbe Knol: 'It giet hjir lykwols om kwalifisearre C1 tolken dy't wy net op dizze wize behannelje wolle. Wy kinne ús skoan begripe dat dizze minsken sa net mear wurkje wolle.' De partijen wolle dat de minister it rjocht op it brûken fan de Twadde Rykstaal boarget no't dit sa ûnder druk stiet. 

 

Eins soene dy tolken hielendal net mear nedich wêze moatte. Rjochters en oare funksjonarissen fan de rjochterlike macht yn Fryslân soene gewoan Frysk ferstean en/of sprekke moatte. De minister krijt no de fraach hoe't hy ôfspraken meitsje wol mei de rjochterlike macht oer de aktive en passive behearsking fan de taal.

 

Fierder sjogge FNP, CU en D66 mooglikheden om konkrete ôfspraken oer de tolken te meitsjen yn in takomstige Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer  (BFTK) tusken Ryk en Provinsje. Se freegje nei de stân fan saken oer de ôfspraken oangeande it Frysk yn it rjochtsferkear, dy't al yn de besteande BFTK 2019-2023 makke wurde soene.



Downloads:
2021-09-30 antwoord Kamervragen friese tolken


Tags: Frysk en Meartaligens, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer