De N369 is in drokke ûntslutingswei tusken Drachten en noardeast-Fryslân mei in soad ferkear. Op it krúspunt fan de provinsjale wei N369 mei de Reitsmastrjitte en de Betonwei yn De Harkema hawwe de lêste jierren ferskate ûngelokken west. Pleatslik Belang fan De Harkema wol dêrom graach dat it krúspunt oanpakt wurdt.
Op ferskate plakken op de provinsjale wei hat de provinsje yn de ôfrûne jierren yntusken oanpassingen dien of sille de weiwurkers ynkoarten oan de slach. Lykwols is oant no ta noch net de kar makke om it krúspunt yn De Harkema feiliger te meitsjen. De FNP freget it kolleezje fan Deputearre Steaten om nei in feilige oplossing foar dit krúspunt te sykjen. Krekt as by De Rottefalle soe dat mei in ‘bajonet' kinne, of oars miskien mei in ‘ovonde'.