NIJS   16-09-2020


Rein van der Wal nij Steatelid foar de FNP

Yn de gearkomste fan 16 septimber hat Rein van der Wal út It Surhústerfean de eed ôflein as nij Steatelid foar de FNP. Hy komt yn de steatebankjes nei't Corlienke de Jong ophâlde mei de polityk.

"Wat betsjutte foar de minsken en de mienskip" (Rein van der Wal by it ôflizzen fan de eed as steatelid)

Underfining

Van der Wal komt perfoarst net sûnder politike ûnderfining yn Provinsjale Steaten. Sûnt ferline jier septimber wie hy al Kommisjelid foar de FNP, mei ûnder oaren Ferkear en Ferfier yn portefúlje. Foar dy tiid draaide hy al in skoft mei as stipefraksjelid. Hy hat yn it ferline jierren lang riedslid west yn de gemeente Achtkarspelen. Wat syn wurk oangiet hat hy in eftergrûn yn it ûnderwiis. 

 

Brijleppel

By syn 'maidenspeech' oer it ûnderwerp 'Regionale gearwurking' memorearre Van der Wal dat de polityk him thús mei de brijleppel yngetten is. Syn motivaasje: 'Ik wol graach wat betsjutte foar de minsken en de mienskip. De FNP hat 7 kearnwearden dy't my allegear leaf binne, mar ik sil my polityk benammen liede litte troch de kearnwearden 'Fryske taal en kultuer' en 'Solidariteit'. Der skimeret in stikje Kalvinistyske eftergrûn yn troch,  neffens it farsk beneamde Steatelid. 

 

 

Om it ôflizzen fan de eed nochris werom te sjen klik hjir. 

 

Foto FNP / Jaap Cuperus 



Tags: libje yn fryslan, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer