NIJS   16-09-2020


Ofskied Corlienke de Jong fan Provinsjale Steaten

Corlienke de Jong hat op 16 septimber ôfskied nommen fan de Steaten fan Fryslân. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spruts har by dizze gelegenheid mei waarme wurden ta. De Jong wie sûnt 2015 Steatelid en fraksjefoarsitter.

"Foar it Fryslân dat it ik leafhaw" (Corlienke de Jong)

Fryske mienskip

Brok priizge de bydrage fan de Jong, dy't twa kear mei ûnderhannele oer it dielnimmen fan de FNP oan it Deistich Bestjoer fan de provinsje. 'Jo meie grutsk wêze op wat jo berikt ha mei de FNP yn Fryslân. Jo ha meiboud oan in stabyl bestjoer. De FNP is mei tank oan jo in stevige partij mei djippe woartels yn de Fryske mienskip.' 

 

Folksfertsjintwurdiger 

De Jong is ophâlden mei de polityk om't hja it wurk as Steatelid net mear kombinearje koe mei har folsleine baan as dosint yn it MBU. Se sei it in eare te finen om as folksfertsjintwurdiger tsjinje te meien. Motivearre: 'Dat ús moaie Fryslân foar it neiteam leefber bliuwt. It Fryslân dat ik leafhaw.'  Se wiisde de partij der yn in fraachpetear foar Omrop Fryslân noch op dat der no gjin froulju mear yn de fraksje sitte. In opdracht foar it partijbestjoer om hjir rekken mei te hâlden by it opstellen fan de kandidatelist foar folgjende ferkiezings. 

 

 

Klik hjir om it hiele ôfskied nochris werom te sjen.



Tags: libje yn fryslan, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer