NIJS   09-09-2020


Brede soargen yn Steaten oer kommunikaasje Drents-Friese Wold

De fraksjes fan FNP, CDA, ChristenUnie, GrienLinks, PvdA, SP en VVD stelle mei-inoar fragen oan it Kolleezje oer de kommunikaasje mei de ferskate brûkersgroepen yn en om it Drints-Fryske Wâld (DFW). Neffens de partijen sit him dêr de oast as it giet om de ûntstiene ûnrêst by de bedriuwen en rekreative organisaasjes yn en om it gebiet by Appelskea.

"Rekreative brûkers wolle serieus naam wurde" (Sybren Posthumus oer Drintsk-Fryske Wâld)

Wurkbesite

Yn de Steaten fan 24 juny is in moasje oannommen dat de kommunikaasje tusken organisaasjes yn it DFW ferbettere wurde sil. De partijen hawwe ûnderwilens op wurkbesite west en fêststeld dat de situaasje allinnich mar fierder eskalearre is. Se wolle no fan deputearre Hoogland witte hoe't hy in goed oerlis struktureel boargje sil, sadat organisaasjes en bedriuwen har wer searieus naam fiele.

 

Stjoergroep

In fêste fertsjintwurdiging fan belanghawwenden út de doarpen om it gebiet hinne én de rekreaasjehoeke yn de Stjoergroep DFW soe fan belang wêze. Dy is der no net. De provinsjale partijen wolle der op ta dat it Kolleezje ien of mear byienkomsten mei fertsjintwurdigers fan Staatsbosbeheer (SBB), bedriuwen út Appelskea en brûkersgroepen organisearret om de ferhâldingen wer rjocht te lûken en ôfspraken te meitsjen ta better oerlis en kommunikaasje.

 

Takomstplan

De partijen wolle ek witte oft der al in takomstplan klear is oer de úteinlike ynrjochting fan it DFW dêr't de balâns tusken natuerbehear en rekreatyf gebrûk dúdlik yn wurdt. De Steateleden wolle ynsjoch yn sokke stikken, dat is no ek net it gefal.



Downloads:
Skriftlike fragen kommunikaasje drents-friese wold


Tags: libje yn fryslan, natuer en lanskip, sport

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer