NIJS   30-04-2020


FNP: Soarch oer behâld lânskip yn Noardwest-Fryslân

De FNP-Steatefraksje wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat der dien wurdt om weardefolle lânskipseleminten yn Noardwest-Fryslân te beskermjen. It giet dêrby om de karakteristike beamsingels en slingerjende sleatsjes oan de westkant fan de âlde Middelsee en de kwelderwâlen en terpen yn ‘e buert fan Frjentsjer en Harns. De FNP hat oanwizingen dat dy beskerming no net goed op oarder is.

"Fryske oerheid moat ús moaie lânskip beskermje" (Wopke Veenstra)

Beamsingels en sleatsjes oan de westkant fan de âlde Middelsee

In jier lyn hat Wopke Veenstra yn de Steaten mûnlinge fragen stelt oer it ferdwinen fan lânskipsstruktueren en -eleminten fan provinsjaal belang. Dat nei oanlieding fan lûden fan ynwenners út it gebiet fan de eardere gemeente Menameradiel dat der in soad beamsingels kapt, sleatten dimpt en lân sljochte waard. Ut de antwurden fan it kolleezje die doe bliken dat it besteand provinsjaal belied dêr net tapast wurdt omdat de gemeente noch mei ferâldere bestimmingsplanregels út 2007 wurket. De gemeente Waadhoeke hat de provinsje begjin ferline jier frege om mei te tinken oer beskermjende regelingen foar de natuerlike en lânskiplike wearden, omdat elkenien it der oer iens is dat dy, foarútrinnend op in nij bestimmingsplan, goede beskerming fertsjinje.

 

Kwelderwâlen by Frjentsjer en Harns

Yn it gebiet tusken Frjentsjer en Harns binne ek wichtige kultuerhistoaryske en lânskiplike eleminten oanwêzich, lykas kwelderwâlen en terpen. Tagelyk rint der yn it gebiet in werynrjochtingstrajekt wêrby't it lân op ‘e nij ferdield wurdt. De gemeenten Waadhoeke en Harns hawwe yn oparbeidzjen mei de provinsje Fryslân in konsept-beliedsregel opsteld. Dêryn stiet hoe't de gemeente de beskerming fan de lânskipseleminten troch it bestimmingsplan yn de praktyk stal jaan sil. Mar nei krityk fan lânbou-organisaasjes dat de beliedsregel gjin genôch romte jaan soe om knyppunten yn de ferkaveling op te lossen, hat it kolleezje fan B&W fan Waadhoeke besletten dy regels foarearst net yn te fieren.

 

Skriftlike fragen

De FNP freget it kolleezje fan Deputearre Steaten oft der al foarútgong is mei de beskerming fan de lânskiplike eleminten fan provinsjaal belang oan de westkant fan de âlde Middelsee en wat stappen de provinsje sette kin om dy te garandearjen? De fraksje wol ek fan it kolleezje witte oft by it kappen fan beamsingels en boskjes wol melding dien wurdt en oft der wol oan de werplantplicht foldien wurdt?

Foar it gebiet tusken Frjentsjer en Harns is de FNP benijd hoe't it kolleezje deroer tinkt dat de beliedsregel (noch) net ynfierd is. Kin dat te koste gean fan de beskerming fan de lânskiplike kwaliteit fan it gebiet? Foar de FNP stiet foarop dat wy ús moaie Fryske lânskip yn stân hâlde moatte. 



Downloads:
Skriftlike fragen oer lânskipswearden noardwest-fryslân
Antwurdbrief ds oer lânskipswearden noardwest-fryslân


Tags: natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer