NIJS   13-03-2023


Op besite by de Molkfabryk yn Burgum

Dirk Bruinsma en Hans Schaeffer, rjochten yn 2014 stichting de Molkfabryk op. Harren úteinlike doel, de suvelfabryk oan de Burgumerdaam sa te ferbouwen dat it in broeinêst foar tinkers, doggers en belevers is. Oan dit inisjatyf mocht de FNP in wurkbesite bringe.



Dirk en Hans, twa entûsjaste ûndernimmers dy't yn in somtiden koarte-termyn-wrâld, op de lange termyn oan de folgjende generaasje tinke. Yn harren kantoar yn de molkfabryk hingje tekeningen fan hoe at de fabryk der yn de takomst út sjen moat. Plannen dy't mei studinten boukunde fan de hege skoalle yn Ljouwert betocht binne. Ek smeie se hjir harren plannen foar in ûndernimmersskoalle, jeugdkultuerskoalle, moadestudio en gean sa mar troch.  

Se meitsje bij it realisearjen fan harren plannen gebrûk fan subsydzjes en regelingen. Der soe mear bekendheid wêze moatte oer de mooglikheden hjir foar. Ek soe der in goede ferbining tusken oerheid, mienskip en ûndernimmers wêze moatte. De polityk en it amtlik apparaat moatte tichtby de mienskip stean.  

Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer