Sûnt
Klaas yn Pleatslik Belang stapt is, woe hy al graach los mei de wenningbou yn
Surhuzum. Klaas is in echte Surhúster en sjocht syn leeftiidsgenoaten allegear
nei omlizzende doarpen ferhúzjen. Wêrom? Der is simpelwei gjin plak yn eigen
doarp! Dit moat oars en sa wurdt der in wurkgroep oprjochte. Dêr is Klaas
fansels ek by belutsen.
Nei in drok besochte ynformaasjejûn yn maart 2022 is wol dúdlik dat dit
ûnderwerp heech sit by in protte doarpsgenoaten. Under dizze jûn wurde der in
pear opsjes besprutsen wêr mooglik bout wurde kin. Sa as it no liket is der in
plak fûn en stiet de gemeente dêr ek foar iepen. Ynkoarten sil der in twadde
jûn organisearre wurde en binne de saken alwer wat konkreter. It liket der hiel
sterk op dat dit plan ta in moaie út- en gearwurking komme sil! Fan ûnderen op,
in plan út de mienskip yn gearwurking mei de gemeente. Prachtich.
Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?
De busferbining, it iepenbier ferfier moat goed bliuwe. It kin net sa wêze
dat de lytsere doarpen net mear as minder goed gebrûk meitsje kinne fan de bus.
Wy moatte derfoar soargje dat ús ynwenners nei ferskate plakken reizgje kinne.
Foar harren wurk, oplieding, ensfh.
Ek de wenningbou moat oanpakt wurde. Der foar soargje dat de jongerein ek yn
eigen doarp wenjen bliuwe kin.
En as lêste jout Klaas oan dat hy fynt dat de ferdieling fan de subsydzjes
better moat. Sa as it no giet is it net earlik. De oanfragen wurde te
yngewikkeld makke wêrtroch it mislearret. En dat is skande want it giet te
koste fan de mienskip.
Hast in oprop oan de polityk?
It is tige wichtich dat op alle doarpen goede en tagonklike foarsjennings binne
(en bliuwe) sa as goede soarch en basisskoallen.