NIJS   10-03-2023


Easterein, wêr it Frysk, de kultuer en it mienskipsgefoel dúdlik nei foaren komt

De FNP wie op besite yn Easterein. In leefber doarp wêrby de Fryske taal by in soad ynwenners troch de ieren streamt.



Dat die ús fuort blieken doe't wy ûntfongen waarden troch Hans Kooistra by sporthal de Greidehoeke. Hans runt tegearre mei syn frou Dieuwke de sporthal. Wy krigen in lekker bakje kofje en in Frysk dúmke oanbean. Op de menukaart dy't der hinget kinst bestellingen dwaan fan ‘tsiissouflé' oant in ‘hinneschnitzel'. Gjin ‘mannen' en ‘vrouwen' klaaiboksen mar gewoan ‘manlju' en ‘froulju'. At sy dêr in protte reaksjes op krije?: "allinnich mar goeie! Benammen fan de minsken fan bûten Fryslân, dy fine it moai."


Ruud Overwijk, de foarsitter fan sportakkomadaasje Skoalleseize, skoot ek by ús oan tafel. Easterein is in doarp mei in brûzend ferieningslibben. Fan fuotbal oant damjen en der wurdt fansels fanatyk keatst. Skoalleseize wurdt rund troch frijwilligers. Lykas op oare plakken is it hieltyd dreger om frijwilligers te krijen. Sy kinne it no noch goed dwaan mei-inoar en mei de stipe fan de gemeente.   


Wy kuierje oer it terrein wêr't yn de sporthal meardere kuorbalwedstriden spile wurde. Wylst it sintsje skynt wurde der op de fuotbalfjilden lekker fuotballe. Yn de kantine sitte ferskate tafels fol mei folk. Jong en âld sit te genietsjen fan de drokte dy't geande is op dizze moaie saterdei. Undertusken hawwe wy it oer doarp Easterein, hoe't sy de boel draaiende hâlde en wat sy wichtich fine. It docht bliken dat beide partijen harren mei in soad nocht en wille ynsette foar in leefber doarp: "wy helpe inoar wêr't dat nedich is", jouwe de beide mannen oan. Easterein, in posityf ferhaal wêrby de Fryske taal, de kultuer en it mienskipsgefoel dúdlik nei foaren komt.

 

Sijbe Knol, Rene van der Lei, Mirjam Bergsma 



Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer