It wie in gesellige boel op sneon te moarn by
dizze túnderij tusken Grou en Jirnsum. Tusken tsien en ien kinne de leden mei
in ‘oogstaandeel' en ek ‘net-leden' hjir harren griente ophelje. Op oare dagen
fan ‘e wike steane se mei in merkkream yn ferskate doarpen rûnom Grou.
Ek restaurants kinne harren griente by Yn ‘e Sinne Farm bestelle. Gemiddeld
kinne minsken kieze út 10 ferskillende soarten griente. Boppedat is der ek
fruit, suvel, aaien en yn de simmer boeketten fan blommen út eigen tún.
Community Supported Agriculture
Yn 2017 is Joël van den Broek úteinset mei Yn ‘e Sinne Farm. Hjir wurdt mei
de natuer mei teeld. Dat is net allinnich goed foar ús leefomjouwing, mar
soarget ek foar ekstra lekkere griente. Yn 'e Sinne Farm is in CSA. Dat stiet
foar ‘Community Supported Agriculture', oftewol mienskips-lânbou. En dat dogge
je tegearre. CSA boeren geane tegearre mei de leden in partnerskip oan. Dizze
ferbining betsjut dat jo foar langere tiid produkten ôfnimme en de boer soarget
dat se beskikber binne. En ek wichtich, as lid witte je presys wêr 't jo iten
weikomt.
Dêrby wol Yn ‘e Sinnefarm it community-gefoel fersterkje troch ferskate
eveneminten te organisearjen en is der de mooglikheid om as frijwilliger mei te
wurkjen op de tún. Joël fynt it kontakt mei de minsken wichtich, elkien fielt foar
him in bytsje as famylje.
De kringloop rûn meitsje
Op koarte termyn wol Yn ‘e Sinne Farm graach groeie nei 250 leden. Dêrneist
is de winsk is om de kommende fiif jier de kringloop rûn te meitsje. Dat kin
ûnder oaren troch út wreidzjen mei eigen hinnen en bargen, oftewol ‘mei it
fleis en de aaien derby'. Dit wolle se graach dwaan op in lokaasje dy't echt
fan harren sels is. Dan is der ek romte foar edukaasje oer harren fak.
Oprop oan de polityk
Joël: "it soe moai wêze at der yn de regeljouwing en op it mêd fan subsydzjes
mear each komt foar lytsskalige inisjativen, bygelyks in soarte fan
lânbou-ynnovaasje pot."
Wopke Veenstra, Janneke de Boer, Nynke-Hinke Rintjema