Tineke wurket foar Partner Certificering en NCN - de Natuur Collectieven Nederland. Dêrneist is se bestjoerder fan it Natuurcollectief Fryslân. Dizze kollektiven ferbine de minsken dy't oan partikulier natuerbehear dogge. Nêst Natuurcollectief Fryslân binne der yn Fryslân noch twa kollektiven: de Boskgroep en de Fryske Wâlden. Yn Nederlân binne der sa'n 2500 minsken dy't oan dizze foarm fan behear dogge. Tineke begeliedt de dielnimmers fan Natuurcollectief Fryslân yn it oanfreegjen fan de subsydzje by de provinsje út de SVNL (Subsidieregeling voor Natuur en Landschapsbeheer) en sy advisearret oer de oanpak fan it omsetten fan lânbougrûn nei natuer. Se sprekt út ûnderfining. Sels beheart Tineke 13 hektare natuer. It is in ekologyske ferbiningssône tusken de Fluessen en it Swin, dat je hielendal rûn kuierje kinne. Krûdenryk gerslân, sompe, boskjes, in stikje bûtlân. Mei de neistlizzende feehâlder hat se ôfspraken makke oer it meanen en beweidzjen.
"Wy ha de boeren nedich", seit Tineke. "De basis moat lykwols buorkje binnen
sûne grinzen wêze. Tritich jier en langer binne wy út de bocht flein. It kostet
tiid om it wer oars te dwaan." Neffens har moatte de klimaat- en transysjejilden keppele wurde. De provinsje moat liederskip toane. Dúdlike kaders
stelle. "It is moai dat elkenien oer de lânbou-transysje meiprate kin, mar sa
stadichoan moatte wy mear poetse en minder prate. Doare karren te meitsjen. Stjoer de amtners twa oan twa it lân yn en besjoch wat der per bedriuw nedich
is."
Nei it petear meitsje wy noch in moaie kuier oer de kearing by de Fluessen lâns
en oer in part fan it krûdenrike greidlân. Mei de belutsenens en it entûsjasme
fan Tineke hiene wy de hiele rûnte wol kuierje wollen. Dat dogge we in oare
kear. Har boadskip nimme wy mei nei it provinsjehûs.
Dinie Visser, Anneke Hylkema, Bram Bonnema