Hylke Bruinsma: "Ik wol mei minsken resultaat berikke!"
Op in yndustryterrein oan it begjin fan Minnertsgea is it fan de
provinsjale dyk ôf al goed te sjen. Op in loads stiet grut de namme fan de man
dêr't Dieke, Jan Pieter en Sijbe hjoed te gast binne. Nei in rûntsje lâns oare
bedriuwen komme wy dan ek oan by it plak fan bestimming. By it ynkommen falt ús direkt al op hoe fris en nij alles der noch útsjocht. Ek net sa nuver fansels.
Op dit plak stiet sûnt in lyts jier in machtich moaie en moderne sportskoalle.
Hylke fertelt dat hy op ferskate plakken wurke hat, mar dat nei ferrin fan tiid
de dream fan in eigen plak net by in dream bleaun is, mar in spannende stap nei
in nije takomst wurden is. Net in plak dêr't elkenien anonym mei in paske syn
rûntsje lâns de apparaten ôfrint, mar in sportskoalle dêr't resultaten berikt wurde.
Hylke: "It giet my ek om it persoanlike kontakt. Net frijbliuwend delkomme,
mar mei inoar in doel hawwe en dêr oan wurkje".
It kontakt mei de gemeente gong eins hartstikke soepel. En nei de oanmelding
fan syn bedriuw hat hy de wyn no ek aardich yn de silen. Net de hiele wike oan
it wurk, mar ek omtinken foar de bern thús. Op syn minst sa wichtich. Iepen op
ôfspraak. Minsken komme hjir foar ien op ien begelieding mar ek yn duo foarm.
Allegear net te grutskalich en mei omtinken foar it minsklike kontakt.
Dieke, Jan Pieter en Sijbe binne nei it efterlitten fan in fleske wyn
ynspirearre wer op hûs oan gien. At je in dream hawwe, der foar gean en it ek
foar inoar krije dat fertsjinnet fansels alle stipe.
Tige tank Hylke dat wy te gast wêze mochten!