NIJS   02-03-2022


Opiny Tjibbe Brinkman: In diktator kinne we net feroarje mar wy kinne wol help jaan oan de flechtlingen

Al dagen sit ik alle nijs te folgjen rûn de situaasje yn Oekraïne. De grinsoergong nei Poalen herken ik noch fan myn rûnreis troch Oekraïne. Ik haw foto’s fan de stêden en dy sille aanst net mear te fergelykjen wêze nei’t de Russen alles mei de grûn lyk makke hawwe.

De hiele dei wurde je hinne en wer slingere yn emoasjes troch al dat nijs. "Sjoch der dan net nei dan hast der ek gjin lest fan" wurdt gau sein mar fuortsjen kin ik net. Dan lulk, dan fertrietlik, dan striidber mar foaral in machteleas gefoel.

De bylden geane je troch de syl.

 

Mar de grutste ynfal yn Europa sûnt de twadde wrâldoarloch soarget neist dea en ferdjer ek foar massale flechtlingestreamen rjochting feilige gebieten. En dat binne wy gelokkich noch wol.

 

Mar wat is der wol mooglik tinke je? It docht my goed te sjen dat ynwenners fan ús provinsje sa romhertich tsjinoer de opfang fan dizze minsken stean. Ynsammelaksjes en ek de polityk yn Fryslân lit him hearre. Dizze kear binne wysels de regio. Is it yn ús eigen Europa. Dan moatte wy der ek foar stean. De Oekraïners steane der wol foar en geane de striid tsjin de grutte oermacht oan en fjochtsje foar har frijheid en de grinzen fan ús Europeeske Uny. De frijheid dy't wy allegear mar gewoan fine.

 

De Europeeske Uny en freonen krije no saken yn dagen foarmekoar wat oars jierren duorje moatten hie. As dizze ynstânsjes dat kinne, dan kin Fryslân dat al hielendal! 

 

Wrâldpolityk en de gekte fan ien man meitsje de gewoane boarger wer it slachtoffer.

 

Mar de gewoane boargers út Achtkarspelen hawwe my persoanlik al mear as 100 sliepplakken oanbean. Dus dêr kin it net om oergean. En ik leau dat dit yn hiel Fryslân sa barre sil. De reaksjes binne geweldich. Dit is hoe't in Europeeske mienskip wêze moat.

 

In diktator kinne we net feroarje mar wy kinne wol help jaan oan de flechtlingen. Wy hoopje dat hiel Fryslân en Nederlân ús foarbyld folget.



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer