NIJS   28-10-2021


Opiny: De Fryske taal as tongerlieder?

Ofrûne tiisdei (26-10-2021) gong it yn de Twadde Keamer oer de ‘tolkenkwestje’. De tolken dy’t o sa wichtich binne foar fertochten om dy yn de rjochtseal yn dyn eigen taal, de taal fan it hert te ferdigenje te kinnen, wurde al jierren stelselmjittich te min betelle. De tolken ûnder lieding fan de Wurdumer tolk Fedde Dijkstra kamen yn aksje en leinen it wurk del. Steateleden tôgen nei De Haach, guon Twadde Keamerfraksjes (CDA, CU, D66, VVD en SP) stelden fragen en de Belgyske tolken ferklearen harren solidêr mei de Nederlânske kollega’s en wegeren as ynfaller op te draven.

"De Fryske taal as tongerlieder?" (Sijbe Knol en Michiel van Nispen)

De moasje en de tongerlieder
Der waard fan ‘e wike yn de Keamer stimd oer in moasje. Koartsein kaam it der op del: soargje mei weromwurkjende krêft foar in fatsoenlike fergoeding foar alle gerjochtstolken om sa de kwaliteit te garandearjen. Wa tocht dat de needsaak om it belied fan de Ministers Grapperhaus en Dekker by te stjoeren no dúdlik wie, kaam frjemd op de kofje. De moasje waard troch de partijen fan it demisjonêre kabinet fuortfage. Yn plak fan struktureel te soargjen foar in bettere fergoeding, waard troch CDA, ChristenUnie, VVD en D66 it Frysk as tongerlieder brûkt.

 

Gebrek oan kennis
Der waard troch dizze partijen wol in oare moasje tsjinoer set: it rjocht op it gebrûk fan it Frysk yn de rjochtbank moat garandearre wurde. Litte wy dúdlik wêze: in folslein oerstallige moasje. It gebrûk fan it Frysk yn de rjochtseal is al sûnt de wet Donker fan 1956 by wet regele en ferankere. It is dizze novimbermoanne presys 70 jier ferlyn dat Kneppelfreed plak fûn. It Fryske folk kaam doe yn ferset neidat in rjochter ferbea om it Frysk te brûken. Grouwélich plysjegeweld en massaal protest ûnder lieding fan in oare Fedde, Fedde Schurer, hat dêr de basis foar lein. Dêr wie fan ‘e wike gjin moasje foar nedich.

 

Der binne twa mooglikheden: óf it Frysk is fan ‘e wike as tongerlieder brûkt óf de kennis fan de Keamerleden is ûnfoldwaande. Wy meie hoopje dat it in gebrek oan kennis is, soks is ornaris nochris by te spikerjen. It sil foar tolk Dijkstra en syn kollega's in hurd gelach wêze. In strukturele ferbettering fan de fergoeding en kwaliteit fan tolketsjinsten is noch lang net regele. De tolken binne gjin stap fierder en dat is foar sawol de tolk as foar de fertochte yn de rjochtseal in treurige konklúzje.

 

Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP Fryslân

Michiel van Nispen, Twadde Keamerlid SP



Tags: Frysk en Meartaligens, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer