NIJS   24-04-2020


Stikstof: spekulaasje talitte of earlik ferdiele?

Koartlyn hat de Ryksoerheid in stikstof-registraasjesysteem ynfierd wêrmei’t it de wentebou en wegebou yn de Rânestêd mooglik meitsje wol. Wy pleitsje foar in sterke regyrol foar de provinsje by de ferdieling fan krappe stikstofromte om derfoar te soargjen dat de stikstofromte earlik ferdield wurdt en alle sektoaren yn ús provinsjes de kâns krije om fierder te ûndernimmen.

"Cowboy-praktiken tsjingean troch regy provinsjes" (Wopke Veenstra oer stikstof-problematyk)

It is hast in jier lyn dat it stikstofbelied fan de Ryksoerheid mei in hurde klap ta stilstân kaam. De rjochter wie ta de konklúzje kaam dat aktiviteiten mei in negative effekt op de natuer net op foarhân al kompensearre wurde kinne mei ûnwisse maatregels dy't yn de takomst nommen wurde. It gefolch fan de útspraak wie dat nije fergunningferliening faaks net mear mooglik wie. Wente- en wegebou foelen stil. Guon besteande aktiviteiten lykas beweidzjen en dongjen wienen ynienen yllegaal wurden, en ek hast alle fleanfjilden yn Nederlân hawwe gjin jildige fergunning. De provinsjes hawwe ferline wike besletten dat it weidzjen dochs tastien is, en foar dongjen wurdt de situaasje foarearst noch gedoogd, krekt as by de fleanfjilden.

 

Fan ôfrûne simmer ôf sykje de regearing en de provinsjes in wei út de ympasse. It earste part fan de oplossing waard socht by de agraryske sektor. Troch te saldearjen wurdt besteande, mar net brûkte stikstofromte frij spile foar nije ûntwikkelingen. Dy romte kin oant no ta allinne mar ‘yntern', dus foar it eigen bedriuw brûkt wurde. Ekstern saldearjen, it brûken fan frije romte troch in oar agrarysk bedriuw of bûten de sektor, is foar agraryske bedriuwen noch net mooglik.

 

In pear wiken lyn die bliken dat de provinsje Noard-Brabân sûnder oerlis stikem in seistal boerebedriuwen ferspraat oer Nederlân opkocht hie. Noard-Brabân hopet ynkoarten brûk meitsje te kinne fan ekstern saldearjen, om dêrmei de skealike effekten fan it nije yndustrypark by Moerdijk fuort strepe te kinnen tsjin in ôfname fan de stikstofútstjit fan dy oankochte boerebedriuwen. Omdat de fersmoarging troch Moerdijk op ferskillende natuergebieten delslacht, moat op al dy plakken, oant yn Drinte ta, kompensearre wurde. Ek de Ryksoerheid hat yntusken in stikstof-registraasjesysteem optuge wêrmei't de stikstofromte dy't wûn wurdt troch de snelheidsferlegingen op de autodiken fan it Ryk reservearre wurdt foar grutskalige wentebouprojekten en inkelde sneldiken in de Rânestêd en West-Brabân.

 

It lânboukollektyf is der poer op tsjin dat stikstofromte ferdwynt nei oare sektoaren en dêrmei de agraryske sektor op slot rekket. Wy begripe dy soargen, mar binne fan miening dat it oanbringen fan skotten tusken sektoaren net de bêste wei is. Yn plak dêrfan bepleitsje wy in oanpak wêryn't de provinsje in sterke regyrol krijt by de ferdieling van de stikstofromte. De provinsje hat no ek al in sintrale rol as fergunningsferliener.

 

Wy sjogge fierder agraryske bedriuwen yn ús provinsjes dy't net mear aktyf buorkje, mar noch wol in fergunning hawwe. Wy roppe de provinsjes op om de net-brûkte (latente) stikstof romte fan dy bedriuwen op te keapjen.

 

Wy binne fan betinken dat by it ekstern saldearjen tsjingean wurde moat dat der spekulearre wurdt mei de stikstofromte. Sawol it boubedriuw as de boer moatte yn ús provinsjes ûndernimme bliuwe kinne. Om in priisopdriuwend effekt tsjin te gean, moat yn de regeljouwing bepaald wurde dat stikstofromte allinne oan de provinsje ferkocht of ferleaset wurde mei (dat lêste foar tydlike projekten). De provinsje kin dy romte dan op in earlike wize en foar in reële priis wer ta beskikking stellen oan de ûndernimmers. Sa gean wy cowboy-praktiken mei tuskenhannelers tsjin wêrby't allinne by kapitaalkrêftige partijen noch ûntwikkelingen mooglik wêze soenen.

 

De provinsjes binne al ferantwurdlik foar de fergunningferliening. Lit de provinsje dan ek de ferantwurdlikheid krije foar in earlike ferdieling fan de beheinde stikstofromte.

 

 

Wopke Veenstra, Steatelid Fryslân foar de FNP

Alfred Schoenmaker, Steatelid Drinte foar Sterk Lokaal Drenthe

Bram Schmaal, Steatelid Grinslân foar Groninger Belang

Leendert van der Laan, Steatelid Grinslân foar de Partij voor het Noorden



Tags: lanbou, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer