Folluk!  

                

It bld fan fdieling Ljouwert, nmer 3, 2006

 

Skriuwer: Joop Zeinstra, Dulfplein 106, 8918 ER Ljouwert, 058 2663638                 

Foarsitter: Klaske Straatsma, 058 2667458.

Riedslid: Sybren Posthumus, 058 2884700.

Ynfo@fnp-ljouwert.nl      

gironmer: 6776746                   

 

Ofskie

Klaske Straatsma-Westerhof, fgeand foarsitter Ljouwert

 

Yn s libben moatte wy leare fskie te nimmen en dat is net altyd maklik. Al jong wurde wy mei it fskie konfrontearre. Allegearre witte wy hoe dreech it foar guon bern en net te ferjitten ek foar in soad folwoeksenen - is fskie te nimmen fan bygelyks de eigen fertroude omjouwing by it ferhzjen nei in oar plak. De bn mei boartersmaten of buorlju wurdt dan trochsnien of losser en nije relaasjes moatte opboud wurde. Wanneart wy by ien op besite binne, nimme wy nei in skoftsje fskie, wy nimme fskie fan s wurk by it oannimmen fan in nije baan of wanneart sykte of leeftyd s drta twinge. Wy ntkomme net oan it hieltyd wer nimmen fan fskie.

In yngripend barren is it fskie dat de dea teweechbringt by it ferstjerren fan ien fan jins neisten. It frne jier haw ik dat fskie in pear kear nimme moatten. Wat jout it dan in waarmte as oaren mei jin meilibje troch in kaartsje, in tillefoantsje of efkes troch de doar te kommen. Drfoar ek hjir noch de oprjochte tank foar safiert dat* op FNP-ers slacht.

Nei de ferkiezings foar de gemeenteried fan 2002 is de earste Folluk! yn dizze foarm ferskynd. As foarsitter fan de fdieling haw ik op dit plak altyd in stikje skreaun. Troch persoanlike omstannichheden haw ik it lste jier fierders net folle t e wei set foar de FNP.

Der is fan t winter in goede kampanje fierd by de ferkiezings foar de gemeenteried en Sybren Posthumus hat royaal syn sit behlde kinnen. Fansels hiene wy hope op de twadde sit, mar dat moat dan mar oer fjouwer jier.....

In fernijd en ferjonge bestjoer sil de kommende tiid mei faasje de FNP yn de gemeente Ljouwert op e kaart sette. Ik winskje it drby in protte sukses en hoopje dat it ledetal  fan s fdieling in stik grutter wurde mei. Mei dat lste kinne wy allegearre oan e slach, wy sille goed om s hinne sjen moatte oft wy famylje, freonen, buorlju yn e weak sette kinne om dy fertroud te meitsjen mei de FNP, sadat se lid wurde wolle. Mei de opdracht ta dit hswurk nim ik fskie as stikjeskriuwster fan Folluk!

 

Leden fan de FNP! (Oprop)

 

Op dit stuit wurdt der by de FNP-Ljouwert in protte t 'e wei set. By de fraksje (dy't har mei de gemeentepolityk dwaande hldt) sitte wy sels mei s snen om de tafel. En wy wurkje net inkeld hurd, mar it is ek noch gesellich!

 

Foar it bestjoer sykje wy lykwols noch twa leden. Wolle jim meidwaan? It wurk kostet in pear jnen yn it jier, en dy wurde gauris mei in protte wille oan ein brocht. Fierders heart men in protte nijsgjirrichs oer de gemeentepolityk. Nim kontakt mei s op. Wenje ris op proef in gearkomste fan it bestjoer by en as dat befalt kin der foar in jier ynstapt wurde, of langer.

 

Nim frijbliuwend kontakt op mei:

Sytske de Boer (058 2161699 / veer271@zonnet.nl) of

Eric Hoekstra (058 8447600 / e.hoekstra8@chello.nl).

 

Stap yn de wndere wrld fan de FNP en de polityk!

Fraksjegearkomsten septimber-desimber 2006

 

Ien kear yn de moanne hat de FNP-fraksje in fraksjegearkomste. Net sa as de oare partijen yn beslettenens op it stedhs, mar yn de iepenbierens en geregeld op lokaasje yn in wykgebou of doarpshs.

De kommende moannen sjocht it skema der sa t:

  7   septimber, FNP-Hs (Obrechtstrjitte 32),

12   oktober, FNP-Hs,

  9   novimber, doarpshs Himpens-Tearns,

  7   desimber, FNP-Hs. 

 

Elkenien is fan herten wolkom! De wurklist is in pear dagen yn t foar te sjen op s side www.fnp-ljouwert.nl (by fraksjenijs) en de stikken binne fia e-mail op te freegjen by jo riedslid Sybren Posthumus, 058 - 2884700 sposthumus@leeuwarden.nl Hawwe jo aktuele saken dyt oankaarte wurde moatte, belje of mail dan efkes en wy meitsje der wurk fan!

Wurkbesite Himpens/Tearns

Sybren Posthumus, riedslid FNP 

 

 

Op 9 novimber sil de FNP-(stipe-)fraksje op wurkbesite nei Himpens-Tearns ta.  Middeis om 14.30 oere wurde wy wolkom hjitten yn doarpshs De Bining (It Leechje 1). It fierdere programma is sa:

- 15.15 oere: slach troch de buorren en bedriuwsbesite Hiddema state (camping)

- 17.30 oere: drankje en waarm miel yn Restaurant De Wldwei, Himpensermar 1.

- 20.00 oere: fraksjegearkomste yn De Bining. 

Net-fraksjeleden binne ek tnoege om ien of mear programma-nderdielen te folgjen, de middeis of jns. Jim kinne ek noflik mei-ite fansels en/of de jns op s fraksjegearkomste komme.

Ferkiezings en de moannen drnei...

Sybren Posthumus, riedslid FNP  

 

De ferkiezings binne foar de FNP oer it generaal goed ferrn. Yn hiel Frysln fan 50 nei 54 riedsleden, fan 2 nei 6 wethlders (Dongeradiel, Frjentsjeradiel, Gaasterln-Sleat, Ljouwerteradiel, Menameradiel en Wymbritseradiel). Ek yn Ljouwert is in grutte stap foart setten. Fan in goede 1154 nei 1739 stimmen, mear as 50% foart, fan alle partijen relatyf sjoen de grutste winst. Fan 2,88 nei 4,23% en fan de tsiende partij yn Ljouwert nei de achtste. Fansels is it hiel spitich dat de twadde sit krekt net helle is, mar de basis is no wol lein om dy oer fjouwer jier te heljen. 

It wie nei 7 maart net in stilsitterstiid. Ommers, der kamen nije ferkiezings oan en wol it referindum op 24 maaie oer de plannen foar it projekt Nieuw Zaailand.  Mei de trije oare  opposysjepartijen CU, NLP en SP hat de FNP in hiel soad yn it spier west om de befolking ddlik te meitsjen dat de plannen stdeboukundich nder de mjitte binne, dat it projekt tefolle mienskipsjild kostje sil en mooglik ten koste gean kin fan de besteande middenstn. Us kampanje hat in hiel soad yn it nijs west en blykber ek suksesfol west, want op de dei fan it referindum stimde mar leafst 63% fan de kiezers tsjin it projekt. Lykwols, de stim fan de mearderheid telde net, want PvdA-CDA en VVD hienen yn it reglemint foar de referinda opnimme litten dat leafst 30% fan elkenien mei stimrjocht foar of tsjin wze moast (san 21.000 minsken). En dat is mei in grouwe 19.000 minsken krekt net helle. In hiele hege drompel, drt de FNP doedestiids net mei ynstimde. Al mei al hat it referindum no in farce west en in soad minsken binne tige teloarsteld yn it beslt fan (de mearderheid fan) de gemeenterie om de plannen dochs troch te setten. Foar de Ljouwerter FNP-fraksje is de gong fan saken  oanlieding om ynearsten, sa langt de referindumdrompel sa heech is, net wer yn te stimmen mei watfoar referindum dan ek dat net kombinearre wurdt mei oare ferkiezings. Mei bliedend demokratysk hert fansels...

De tiid nei it referindum hat lokkich al in perioade fan rispjen west. It fytsplan is fststeld mei in soad nderdielen drt de FNP al jierren foar striden hat.  Tink oan foarrang op rotondes, mear fyts-parkearfoarsjennings yn de binnenstd en aksje tsjin it stellen fan fytsen.

Fierder is it inisjatyf fan de FNP unanym troch de gemeenterie oannaam om minsken dyt in Frysktalige brief of e-mail nei de gemeente tastjoere altyd in antwurd yn dyselde taal werom te stjoeren. As reaksje op it inisjatyf hawwe B&W sels tsteld om yn de hjerst mei in nota te kommen mei noch folle mear tstellen om it Frysk yn Ljouwert te stypjen.  

Fierders sjocht de gemeente Ljouwert no ek definityf f fan de magneetsweeftrein en komt der hieltyd mear omtinken foar wyk- en doarpsfisys. En sa binne wy dochs mei in goed gefoel de simmerfaknsje yngongen...