FNP Fryslân
Begjin

12-12-2018 - FNP: skriftlike fragen oer nijbou De Warren Burgum (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de bouplannen fan 300 wenten yn Burgum-West, ek wol ‘de Warren’ neamd. It docht bliken dat der wjerstân is by omwenjenden tsjin de bou oan ‘de Warren’. Omdat der noch ynwreidingsmooglikheden binne yn Burgum en oare doarpen fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat de FNP-Steatefraksje hjir grutte muoite mei.

09-12-2018 - Faklju yn Fryslân fertsjinje grutte romte (Provinsjale Steaten - Nijs)
Leare, leare, leare. Sa folle mooglik bern moatte nei de havo of it vwo. Dêrnei troch nei it HBO en de universiteit fansels, oars telle jo net mei. Al dy studinten wurde oplaat foar in kennisberop. Dat is op himsels moai, mar ús maatskippij ferjit wat: de minsken dy’t wat kinne mei de hannen en in fak leare.

07-12-2018 - FNP: fragen oer problemen TopDutch (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it ‘ferbaarnen’ fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch noait ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Ek is it sa dat der te let yngrepen is troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.

06-12-2018 - Kampanjestart 2019 Boalsert (Organisaasje - kontakt - Nijs)
Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.

06-12-2018 - FNP docht mei oan aksje tsjin gaswinning lytse fjilden (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP sil nije wike tongersdei 13 desimber yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. It protest fynt plak tusken 12.00 en 14.00 oere op it Guyotplein, foar de rjochtbank fan Grins.

26-11-2018 - FNP: Grutte soargen oer sânwinning Iselmar by Gaasterlân (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP-steatefraksje hat fan ferskate kanten fernommen dat der grutte soargen binne oer de plande sânwinning by Gaasterlân. It giet om sânwinning foar de doer fan 30 jier en it soe plak fine op 5,5 kilometer út de Fryske kust by Gaasterlân. Omdat de FNP fraksje dizze soargen dielt hat sy hjirop skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten fan Fryslân.

18-11-2018 - FNP: oanpak ôfsjitten fan greidfûgels yn Frankryk (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP sil op it kongres fan de Europarlemintspartij EFA op 7 maart 2019 in moasje ynbringe dat it sjitten op beskerme greidfûgels yn Frankryk ferbean wurde moat. It giet dêrby benammen om skriezen, mar ek om oare greidfûgels lykas de ljip, tsjirk, strânljip en wylp. De FNP wol dat der in algemien ferbod komt op de jacht én konsumpsje fan de beskerme greidfûgels.

16-11-2018 - FNP: rappe oanpak krusing N357 Hallum (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP is fan miening dat der gau definitive dúdlikheid komme moat oer de oanpak fan de krusing tusken de Doniawei en de N357 yn Hallum. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrneist wol de FNP dat net allinnich doarpsbelang en de ynwenners belutsen wurde by de oanpak, mar ek de ûndernimmers op it bedriuweterrein. Dat fanwegen de foarm, grutte en hichte fan in mooglike rotonde op dat plak.

14-11-2018 - FNP: Ferheging kosten skûtsjesilen en waadrinnen liket op fleanen (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP wol net dat dielnimmers oan it skûtsjesilen en waadrinners folle mear kosten foar de kiezzen krije. Dat sil de FNP op 28 novimber ynbringe by in gearkomste fan de Steaten fan Fryslân. It Kolleezje fan DS stelt út om it skûtsjesilen 100 prosint hegere tariven yn rekken te bringen foar it gebrûk fan it farwetter. De waadrinners wurde yn guon gefallen ek hegere leges yn rekken brocht.

12-11-2018 - FNP: stipe foar seebad yn Harns en mear ynsette op enerzjybesparring (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP sil woansdei 14 novimber by de begrutting 2019 fan de provinsje Fryslân in pleit hâlde foar in seeswimbad by Harns. Yn dy stêd binne plannen om by it besteande strân in goed plak te kreearjen dêr’t ek swommen wurde kin. No is it noch in modderpoel. De FNP is fan miening dat in seeswimplak foar ynwenners én toeristen in grutte mearwearde opleveret.




FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling