FNP Fryslân
Us minsken - Steatefraksje

Sijbe Knol

Steatelid

 

Portefúlje:

Programma 3, Omjouwing - romte en wenjen | enerzjy

Programma 4, Milieu 

Programma 5, Mienskip - streekwurk en leefberens 

Lid stipefraksje OSF 

 

Wenplak: Sint Anne

E-post: s.knol@fryslan.frl

Tillefoan: 06 - 3094 4415 



Sijbe Knol, 28 jier, mei myn freondinne Geertje wenje ik hjoeddedei yn Sint-Anne en dêrfoar yn Berltsum. Sûnt 2013 bin ik lid fan de FNP en fan 2016 ôf mei ik folksfertsjinwurdiger wêze.

  

Der wêze foar de minsken. As se skilje en der is wat, dan der hinne, der wurk fan meitsje. Dat kinne minsken fan my ferwachtsje. Wenje, libje en foaral ek wille. De krêft fan de mienskip brûke. Dat is wêr’t ik foar stean. Earst yn de Gemeenteried fan de gemeente Waadhoeke en dat sil yn Provinsjale Steaten net oars wêze.

 

De FNP is foar my de partij, dy't nei de ynwenners harket en dêr ek wat mei docht. Wy kinne grutsk wêze op ús provinsje Fryslân en de wize fan omgean mei elkoar. Betelbere en beskikbere (duorsume) wenningen en kultuer en sport binne spearpunten, wêr't ik my hurd foar meitsje. Yn Fryslân binne wy ryk oan kultuer (talen) en sport en dat moatte wy stimulearje.

 

By de FNP is op dit stuit sprake fan in flinke groei fan jongere leden, in prachtige ûntwikkeling. Ik lit  graach dy stim fan de takomst ek yn de Steaten hearre. Der wurde in soad saken besprutsen oer in wrâld, dêr't wy noch jierren mei fan dwaan ha. Dan is it ek saak om dêr oer mei te praten en te kedizen. Om koart te gean: in stem foar de takomst!


Oanhingsel(s):
Sijbe Knol


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling