FNP Fryslân
Stanpunten - Program wetterskip

FNP Programma Wetterskip Fryslân

As gefolch fan de klimaatferoaring komme der grutte fraachstikken op ús ôf. Wy tinke dêrby oan ekstremen as mear swiere klusterbuien en drûgere simmers, mar ek oan it omheech kommen fan de seespegel. It Wetterskip kin dizze fraachstikken net allinne oplosse. Mear gearwurking en in bettere taakferdieling tusken de Provinsje, it wetterskipsbestjoer en de gemeenten is dêrom nedich. Mar ek de ynbring fan natuerorganisaasjes, gebietskollektiven, stânsorganisaasjes en kennis en kunde fan ús ynwenners is nedich om de takomst treast te wêzen. It Wetterskip stiet as tsjinstferlienende organisaasje ticht by de boarger, goed berikber en leechdrompelich. As oerheidsynstelling yn Fryslân heart dêr ek in fanselssprekkend plak foar it Frysk by.

Hjirûnder is it FNP programma foar Wetterskip Fryslân digitaal te lêzen. Dit programma is definityf fêststeld yn de Ledegearkomste fan 23 novimber 2018 te Wurdum.


! Underoan de side kinne de PDF-bestannen fan de programma's delhelle wurde yn meardere talen.

 

Klik hjir om it Fryske program te lêzen
FNP Wetterskipsprogram 2019

 

Gearfetting FNP-program 2019-2023

De FNP stiet wol foar in hoeden en ferstannich finansjeel belied. Wy wolle mei sa leech mooglike maatskiplike kosten de wettertaken útfiere. De FNP giet foar it belied en it tadielen fan kosten by wetterkwaliteit en -kwantiteit út fan it prinsipe ‘de fersmoarger betellet’. Ferfanginsynvestearringen (bygelyks ruilferkavelingsgemalen) hearre regulier yn de begrutting opnommen te wurden. 

 

 

Feilgens 

De FNP fynt dat der yn Fryslân net ien kwa feiligens op efterút gean mei. De seediken moatte op hichte en sterkte brocht wurde. De ynwenners fan Fryslân meie dêr finansjeel net ûnevenredich foar belêste wurde. Duorsum wetterbehear betsjut foar de FNP dat it ferlet fan hjoed net op kosten gean mei fan it ferlet fan de takomstige generaasje en dat lânskip en boaiem net skeind wurde meie. De FNP is dêrom tsjin gegriem mei CO2-opslach, skalygaswinning en opslach fan gemysk of radioaktyf ôffal yn de Fryske boaiem en nije gas- en sâltwinning.

 

 

Goed buorkje

Boeren moatte yn Fryslân ek yn de takomst noch goed buorkje kinne. Tagelyk sil der yn de wetterhúshâlding mear rjocht dien wurde moatte oan de oare maatskiplike belangen, lykas bioferskaat en duorsumens. Yn de hegere gebieten moat it wetter langer fêstholden wurde, mar moat der ek mear kapasiteit yn de boezem en de polders sels brûkt wurde en komme der mear oerrinpolders. Sa kin der by waarsekstremen better maatwurk levere wurde. Ryksoerheid en Provinsje sille it mei de boeren iens wurde moatte oer in finansjele regeling foar dy ‘griene en blauwe maatskiplike tsjinsten’. 

 

 

Wetter en natoer 

Natuer en wetter binne yn Fryslân nau mei-inoar ferbûn. Dêrom hat it Wetterskip ek in ferantwurdlikheid foar de Fryske natuer. By it behear fan wetter en lânskip giet de FNP út fan in greidefûgelfreonlike oanpak. It is wol dúdlik dat djipteûntwettering en oare yntinsivearringen foaral yn it feangreidegebiet oarsaak binne fan de boaiemdelgong. Dêrom moat it grûnwetter nei in heger peil werom brocht wurde. Yn de djipste polders moat mear romte komme foar wetter, wiete natuer of wetteropfang. Om de natuergebieten hinne wol de FNP peilbehear mei minder yntinsyf buorkjen. De FNP wol jild frijmeitsje foar eksperiminten en it oplossen fan skea. Dat jildt ek foar de skea troch pealrot.

De (sport)fiskerij is foar Fryslân fan grut rekreatyf en ekonomysk belang. Troch it oanlizzen fan fiskfreonlike gemalen ferbetteret de fiskstân en bliuwt Fryslân foar dy groep oantreklik. De fiskersplakken moatte ek foar beheinden goed tagonklik wêze. It Wetterskip hat dêr bliuwend omtinken foar.

 

En mocht it frieze wolle: It ‘draaiboek iiswille’ moat op ’e tiid út de kast.

 


Oanhingsel(s):
FNP Wetterskipsprogram 2019 - Nederlânsk
FNP Waterskap 2019 - Bildtsk
FNP Waeterschopspergramme 2019 - Stellingwarfs
FNP Wetterskipsprogram 2019 - Frysk
FNPWetterskipsprogram2019.jpg





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling