FNP Fryslân
Stanpunten - Oer wenjen

Stânpunt wenje yn Fryslân

Noflik wenjen yn Fryslân is in spearpunt fan de FNP. As der ferlet is en der lokale inisjativen binne, moatte der mear huzen boud wurde yn doarpen.

Krimp yn de regio

Krimp fan de befolking, fergrizing en it ferhúzjen fan de jeugd nei de stêd is yn beskate regio’s in gegeven. No’t de wentemerk oanlûkt, sille doarpen en gemeenten mear mooglikheden krije moatte om te bouwen neffens it ferlet. Der is ferlet fan wenten dy't in libben lang meikinne, of tydlike wenten foar jongerein of âlderein dy’t soarch nedich hat. Yn dat ramt moat ek omtinken komme foar selsfoarsjennende ‘tiny houses’ op tsjillen. 

 

Foar tydlike arbeidsmigranten moat der goeie húsfesting komme. As hja yn goedkeape hierwenten yn doarpen wenje, giet dat ten koste fan de jongerein en dus fan de leefberens. De FNP wol dêrom romte sykje op terreinen fan wurkjouwers of yn bygelyks leechsteande pleatsen. 

 

Yn krimpgebieten set de FNP yn op berikberens fan foarsjennings. Dat betsjut tûk iepenbier ferfier en somtiden foarsjennings lykas skoallen en sportfjilden diele.

Wy lizze gjin nij asfalt oan, mar soargje dat de wegen en diken goed ûnderholden wurde. Ek komt der in aktyf fytsbelied en binne de doarpen en stêden goed berikber mei it Iepenbier ferfier.

 

Aksjepunten FNP oer wenje yn Fryslân

 

1. Gjin nije wynturbinen op it fêstelân, besteande wynturbinen opromje en stribje nei in wynturbinefrij Fryslân.

 

2. Opknappen besteande bedriuweterreinen hat prioriteit boppe oanlis fan nije; altyd sjen nei it konkreet ferlet en de noch beskikbere romte yn deselde regio (de saneamde SER-ljedder).

 

3. Folkshúsfêsting moat in saak fan de Friezen sels wurde, sadat boud wurdt neffens it ferlet mar ek yn balâns mei de besteande wenningmerk yn de streek.

 

4. Romte yn bestimmingsplannen foar tydlik wenjen op eigen hiem foar jongerein of (mantel)soarch.

 

5. Der moat in fûns komme tsjin it fertutearzjen en ferkrotsjen fan doarpen en wenwiken. It provinsjale "Rotte kiezen project" moat nij libben ynblaasd wurde.

 

6. Fan ljochthinder in swierder punt meitsje yn it romtlik belied.

 

7. Gjin megawinkels oan de râne fan de stêden. In ûntwikkeling nei kompakte winkelsintra moat befoardere wurde. 

 

8. De doarpshuzeregeling moat trochset wurde mei mear omtinken foar it ferlet by de mienskip.

 

9. Yn it belang fan it bioferskaat en de kultuerhistoarje, moat behâld en it werombringen fan de autentike lânskippen en lânskipseleminten in wichtich ûnderdiel útmeitsje fan de streekaginda's.

 

10. Fryslân makket him sterk en smyt him op foar it proeftúnprojekt ‘Folkshúsfesting regionaal, maatwurk op skaal'.

  

☞ Nei it ferkiezingsprogram 2019-2023

 


Oanhingsel(s):
Bus Arriva.jpg
Hitzum.jpg
Copyright_pdfgrafie.Alleen_te_gebruiken_voor_FNP_doeleinden5.jpg
FNP_Algemien_Kultuer_2.jpg
FNP_Gemeente_De_Fryske_Marren_1min.jpg
FNP_Algemien_Mienskip_1.jpg
FNP_Algemien_Wenjenmin.jpg





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling