FNP Fryslân
Stanpunten - Oer soarch en wolwêzen

Stânpunt soarch en wolwêzen

De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik, Friezen en nije Friezen beholden en fersterke wurde, sadat nimmen oan ’e kant komt te stean.

Sikehuzen, skoallen en wenningbouferieningen werom nei de mienskip weromkomme
De berikberens en tagonklikens fan sûnenssoarch, folkshúsfêsting en ûnderwiis, dat is in saak fan ús allegearre. Sadat ús sikehûs, ús skoalle en ús omrop ek wier wer fan ús binne, en net fan de managers yn De Haach. Dat kin net inkeld mar oan De Haach oerlitten wurde. Dêrom wol de FNP dat de Provinsje yn de kommende bestjoersperioade in brede diskusje ûnder de Friezen opset. Dy moat liede ta in folksrieplachting oer de fraach oft en hoe't Fryslân en de Friezen mear stjoer krije oer sikehuzen, wenningkorporaasjes en soarchynstellingen. It giet hjir dus om sizzenskip en regy op soarch en wenjen op boppegemeentlik nivo. De fraach dy't neffens ús steld wurde moat yn dit referindum is:

‘Moat de Fryske boarger mear ynfloed krije op beslútfoarming oangeande sikehûssoarch, boppegemeentlike soarchynstellingen en de folkshúsfêsting?’
 
Sport
Sport en bewegen binne de lêste jierren hieltyd wichtiger wurden foar de mienskip. Dêrby leit it aksint net allinne mear op de ûntspanning. Sportferieningen spylje yn de mienskip in binende rol, mar befoarderje ek dat de minsken sûner libje. De breedtesport foar alle Friezen moat troch de Provinsje aktyf stipe wurde.
Troch ús topsporters is Fryslân goed op ’e kaart set. Topsport is in posityf fisitekaartsje foar Fryslân. Thialf is wer de reedriderstimpel fan de wrâld: de bêste en de duorsumste. Dêrneist wurdt de iishockeyhal dêr renovearre en by de tiid brocht. Fryske sporten lykas fierljeppen, keatsen, skûtsjesilen en Frysk damjen binne ûnderdiel fan it fryskeigene en moatte troch de Provinsje stipe wurde. De Fryske sporten moatte in plak krije binnen de projekten fan it Legacyprogramma Agenda2028.
 
Aksjepunten FNP foar soarch en wolwêzen
 
1. Fryske sporten bliuwend stypje.
 
2. Der is in ûnôfhinklike organisaasje dy’t opkomt foar belangen fan de kliïnten yn de soarch en dy’t dêr in basissubsydzje foar kriget (Zorgbelang Fryslân).
 
  ☞ Nei it ferkiezingsprogram 2019-2023

Oanhingsel(s):
Bedden_zorg_in_Friesland.jpg
Bedden_zorg_in_Friesland1.jpg
Been_zorg_in_Friesland1.jpg
FNP_Algemien_Toerisme_2.jpg
FNP_Algemien_Mienskip_41.jpg
117_LOW_RES.jpg
13486350134_72e505d091_o.jpg





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling