FNP Fryslân
Stanpunten - Oer kultuer en taal

Stânpunt kultuer en taal

It seit himsels dat Fryslân sa’n kultuerregio is. Fryslân mei net ûnder Grins skood wurde en in minderweardige posysje krije. De oanwêzige foarsjenningen yn Fryslân moatte krekt fersterke wurde, tink oan toaniel, dûns en in Frysk filmplatfoarm.

Kultuer en legaat Kulturele Haadstêd 2018
2018 wie foar Fryslân in geweldich jier: de Provinsje stie fan de start fan Kulturele Haadstêd ôf yn de skynwerpers fan Europa. Us Fryske mienskip hat him yn syn hiele hear en fear sjen litten en prachtige kânsen kreëarre.
Wy seagen KH2018 dúdlik as in stimulâns foar de takomst fan taal, keunst en kultuer yn Fryslân. As it giet om de neilittenskip fan KH2018 (legacy) dan moat dy benammen de eigen befolking bliuwend aktivearje. Der moat ek bliuwend socht wurde hoe't safolle mooglik keunst en keunstners út Fryslân partisipearje kinne yn nije projekten yn it legacyprogram.

Popkultuer en brassband, fanfare-, harmony- en symfonyorkesten 
Der in hiel bloeiende popscene yn Ljouwert en Fryslân, dy’t koestere en stipe wurde moat. Tink ek oan alle (muzyk)festivals. Fryslân hat in tige rike hafabrakultuer. Dy stiet ûnder druk en dy wolle wy sterk hoedzje en noedzje. 
Wy wolle dat de jeugdorkesten (brassband, fanfare-, harmony- en symfony-) mei provinsjale stipe bestean bliuwe kinne.

It Frysk en de streektalen
De Provinsje Fryslân hat troch de nije taalwet en de desintralisaasje mear sizzenskip krigen oer it Frysk.
Lykwols, it Frysk komt hieltyd mear ûnder druk te stean. De ôfrûne fjouwer jier is der, yn it ramt fan it Deltaplan Frysk, in soad op priemmen set. De FNP wol no hannen en fuotten jaan oan de útkomsten fan it ûndersyk nei de stân fan saken fan it Frysk. In goede kwaliteit fan it ûnderwiis is dêrby krúsjaal. Yn it foarste plak moat de Fryske taal yn it ûnderwiis ‘spegele’ wurde oan it Nederlânsk. It provinsjale ûntheffingsbelied moat der op rjochte wêze dat de Fryske en Nederlânske taal gelykweardich binne mei deselde kearndoelen.
 
It Biltsk, it Stellingwerfsk en de stedstalen
De FNP wol dat de Provinsje as ferantwurdlike foar de hiele mienskip fan Fryslân in aktiver stimulearjend en fasilitearjend belied fiert foar it Biltsk, it Stellingwerfsk en de stedstalen. De Provinsje moat besjen oft stipe jûn wurde kin oan it Frysk yn Grinslân (Westhoeke). 
 
👂 Mear witte?
Lústerje nei ús podcast oer de HaFaBra yn Fryslân mei ûnder mear Annamartha van der Mei en Johan Meesters fan it OMF - Fryske Muzykbûn [klik hjir foar de útsjoering].
 
Aksjepunten FNP foar kultuer en taal yn Fryslân

1. Trochgean mei it suksesfolle Iepen Mienskipsfûns. Foar tal fan projekten en inisjativen út de mienskip!

2. De digitale ûntsluting fan it Frysk moat yn 2022 op itselde nivo sitte as dat fan it Nederlânsk foar it Ingelsk oer.
  
3. It foech oer de ynrjochting fan it ûnderwiis nei Fryslân foar 2023.
 
4. In provinsjaal spriedingsplan foar foldwaande kwalitatyf basisûnderwiis (berikber en beskikber).
 
5. It tal Frysk- en twatalige pjutteboartersplakken fergrutsje nei 300 yn 2023. Ferdûbeling fan it tal trijetalige skoallen. Ekstra stipe foar twatalige skoallen mei in taalbeliedsplan.
 
6. Tafersjoch op de kwaliteit fan it Frysk as fak en fiertaal troch de ynspeksje.
 
7. Omrop Fryslân stypje as publike stjoerder mei in folsleine programmearring yn it Frysk. Dêrta in budzjet dat nei € 30 miljoen ta giet.8. Stypje dat skoalbestjoerders, skoallieders en learkrêften harren ferantwurdlikheid nimme foar goed ûnderwiis yn it Frysk.
 
8. Fryske sporten bliuwend stypje.
 
9. Stypje dat skoalbestjoerders, skoallieders en learkrêften harren ferantwurdlikheid nimme foar goed ûnderwiis yn it Frysk. 

Oanhingsel(s):
Copyright_pdfgrafie.Alleen_te_gebruiken_voor_FNP_doeleinden41.jpg
31829665402_3d8f3f16f3_o.jpg
2869074532_6ea453bb69_o.jpg
Copyright_pdfgrafie.Alleen_te_gebruiken_voor_FNP_doeleinden3.jpg
9728401764_c492cf5836_o.jpg
3665416509_0aab4fa729_o.jpg
9725196273_612da1011b_o.jpg





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling