FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Wurkbesite Steatefraksje oan It Hearrenfean en Skarsterlân

Plannen provinsje by Tsjalbert ten koste fan kwaliteit fan de romte en Hotel yn doarpskom Langwar better

By Tsjalbert wolle gemeente en provinsje in plan foar saneamd 'lanlik wenjen' mei huzen yn in heech priisskift. It bouwen foar it ferlet fan it doarp sels hat jierren stil lein. FNP riedslid Poppe Hooijsma liet by in wurkbesite sjen hoe't it nije plan ek ten koste giet fan 'de kwaliteit fan de romte'.

 

De Steateleden fan de FNP bepleiten in duorsume heechweardige oplossing foar de lokaasje fan it âld suvelfabryk yn Langwar. Dat die bliken by in wurkbesite mei de gemeentlike FNP fraksje oan Skarsterlân. Neffens wurdfierder Douwe Bijlsma past in ynwreiding bygelyks mei in kwaliteitshotel hiel goed yn it provinsjaal belied. Yn dat belied giet it om it bewarjen fan de kwaliteit fan de iepen romte om it doarp hinne. Der is fan út dy filosofy gjin ferlet fan in grut nij bungalowpark of in grutskalich appartemintekompleks yn de griene romte fier bûten de beboude kom.

 

Sjoch foar mear ynformaasje en foto's

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling