FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Jeugd leafde foar de natuer bybringe

FNP Steateleden Pytsje de Graaf( de hiele dei), Marten van der Veen en Douwe Bijlsma (allinnich moarns) hawwe dielnommen oan in dei oer Natuer- en Miljeu Edukaasje (NME). Se kamen wakker entûsjast wer thús. Mar der binne ek soargen.

It boadskip wie de moarns dat de skoalbern mear nei bûten moasten, de natoer yn, belibje en genietsje. It doel fan de NME gearkomst wie om in netwurk fan NME op te setten. Elke gemeente docht it op har eigen wize. Ferskate sprekkers lieten hearre hoe't hja dêr mei omgienen. Marjolein Staal fan NME de Klyster, in gearwurking fan Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân, hold in ynspirearjend ferhaal oer de mearwearde fan bern de natuer yn. Ek de bydrage fan wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel wie fan grut gehalte.

 

 

Staal makke in ferliking mei it gymûnderwiis, dat wurdt yn in gymseal jûn, wylst de natuerlessen foar de televyzje holden waarden. "Litst de bern dochs ek net in fuotbalwedstriid foar de televyzje hâlde en seist dan: wat hawwe wy moai gymd?" Natuerlessen moatte yn de natuer plakfine.

Mar hawar it giet om it netwurk. It Ryk hat 20 miljoen beskikber steld ( útsmard oer 4 jier) foar NME. Yn it netwurk wurkje alderhande organisaasjes gear, SBB, Lânskipsbehear, natuermonuminten, ensfh. Ik haw it gefoel dat sa'n netwurk ten koste gean sil fan al dy NME projekten dy't der noch binne. No is it noch sa dat elk yn syn eigen regio op eigen wize wurket: de ien giet mei de bern by de berms del, de oar giet mei de bern it Waad op. Sa'n oerkoepeljende organisaasje soe al it jild opslokke kinne. Dan bliuwt it jild hingjen yn struktueren en komt it net op wurkflier del. Gemeenten en skoallen binne de partners.

 

 

Middeis gienen wy dan echt de natuer yn, nei Ketlik. Wy hawwe moaie petearen hân mei de hearen Schukking en Bijman oer de takomst fan de lânbou.  Wy waarden yn  buskes fan it iene moaie plakje nei it oare riden. Hja woene ús sjen litte dat gongbere lânbou, njonken agrarysk natuerbehear mooglik wie. Wy hawwe lytse stikjes greide besjoen omfieme troch elzensingels en grutte hoeken lân mei deselde elzensingels, paadsjes by stikken lân del, oergeand yn stikjes bosk.

 

En doe kaam de klap, der waard ús ferteld troch Regina Versteeg fan Landschapsbeheer dat  hja de meidieling krigen dat al it jild foar it generike lânskip net beskikber steld wurdt yn de Begrutting 2010. De mûle foel Riek van der Vlugt fan de PvdA en my iepen, wy hiene dochs mei de deputearre ôfpraat by de Kadernota dat de koarting op it Plattelânsbelied net ten koste gean soe fan de besteande doelen foar it lânskip, en dat wy by de Begrutting nije foarstellen ferwachtsje? De jilden foar lânskipsûnderhâld binne ryksjilden dy't op grûn fan it Programma Behear fia it YLG (Ynvestearringsbelied Lânlik Gebiet) beskikber steld wurde. Dêr kin net sa mar yn om fike wurde troch de Provinsje.

 

Wy hawwe ek noch by in boer op 't hiem west dy't meidien hat oan Doarpen yn it Grien. Ek hjir krige ik gjin antwurd op de fraach hoe't hja boargje kinne dat by in eventuele ferkeap fan de pleats de beammen en it strewelleguod bestean bliuwe. It is betelle mei mienskipsjild. Hja joegen oan dat soks hiel lestich foar te skriuwen is.

Al mei al in ynspirearjende dei.

 

Pytsje de Graaf



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling