FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Digitale regiomarketing

Fergees ynformaasje ophelje mei barcode op in smartphone.

Op 18 novimber wie de fraksje fertsjintwurdige by in presintaasje fan NOFCOM mei as tema digitale regiomarketing.

 

NOFCOM bestiet likernôch 6 jier. It hat as wichtichste taak om bedriuwen en oerheden lykas gemeenten en ûnderwiis byelkoar te bringen. Dêr foar brûke hja netwurkbyienkomsten, de digitale wrâld en papieren magazines. ICT spilet dêrby in grutte rol.

 

Hoe giet dat yn syn wurk? Op bepaalde punten, bygelyks in âlde tsjerke, kinst in buordsje fine mei in streekjeskoade. Fia dyn tillefoan makkest in foto fan dy barcode en troch middel fan in programma krigest alderhande ynformaasje oer it objekt. Lykas skiednis, iepeningstiden, oanbiedings, fertrektiden ensfh. It programma dat de ferbining leit kinst fergees delhelje.

Moatst wol in smartphone hawwe mar sa kinst tidens in kuier troch de stêd mei dy buordsjes mei streekjeskoade op dat stuit alle ynformaasje krije dyst oars fia ynternet helje moast.

 

 

Der binne ferskate tapassings mooglik. By bushalten kinst ynformaasje krije oer de fertrektiden, de fertragings en eventueel krigest in telefoannûmer om de belbus te beljen.

In oar foarbyld is it bûtendyks gebiet. Dêr krigest fia de tillefoan ynformaasje oer it gebiet en de fûgels dy't dêr tahâlde. Drukst op in plaatsje fan sa'n fûgel dan krigest ynformaasje oer dy fûgel.

Yn in museum kinst by de fitrines in streekjeskoade sette en sa is der allegear eftergrûnynformaasje. Winkels kinne harren oanbiedings deryn sette. By parkearautomaten kin ynformaasje oer ferskate rûtes.

 

Nijsgjirrich is dat it net in djoer produkt is. Sa'n buordsje mei streekjeskoade kostet sa'n €100,- en de ynformaasje dyst ophelje kinst is besteande ynformaasje fan de brûkers. Wol moatst sels in smartphone hawwe, mar sa'n 80% fan de mobile tillefoanbesitters hawwe dat.

Der kaam noch efkes in nijsgjirrige diskusje op gong tusken wethâlder Prins fan Tytsjerksteradiel en wethâlder van der Ploeg fan Dantumadiel oangeande de VVV. De VVV is dwaande mei net-beminske panielen, de saneamde touchscreen panielen. Dat binne hiele djoere saken wylst it systeem mei de smartphone folle effektiver en handiger is. Makkest gebrûk fan ynformaasje dy't al beskikber is en in tillefoan dy't hast elkenien al hat.

 

Sa'n ynfopaniel oan de oare kant is statysk, net hufterproof en beheind. De inisjatyfnimmers fan NOFCOM joegen oan dat hja gjin yngong krije by de provinsje. By de provinsje hawwe se in djoer buro ynhierd om de touchscreen fan de grûn te krijen. Dat is tige spitich omdatst mei it smartphone systeem de lokale ûndernimmers stipest en it folle goedkeaper kin.

It wie in hiele nijsgjirrige presintaasje en it soe goed yn Noardeast Fryslân passe. Yn België wurdt dit al mei grut súkses tapast, yn Azië bestiet it al sa'n 10 jier en yn Nederlân komt it sa stadichjesoan op gong.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling