FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Gemeenten stappe út Omrin

Fanwegen de REC stappe gemeenten út Omrin. Fragen oer de gefolgen foar it provinsjale miljeubelied.

De Steatefraksje fan de FNP hat skriftlike fragen steld oer de brek fan Dantumadiel en Dongeradiel mei Omrin. De partij woe witte oft it Kolleezje fan Deputearre Steaten no om 'e nocht in miljeufergunning ôfjûn hat foar de REC yn Harns. It miljeukundich rendemint soe slim ôffalle kinne as der aanst net genôch Frysk ôffal mear is. In REC is dan oerstallich.

 

Wurdfierder Marten van der Veen wiist der op dat de besteande REC yn Rotterdam no al sluten wurdt omdat der gjin goed ekonomysk rendemint mear te heljen is. Troch de krisis wurdt de bulte smoargens minder en der mei gjin 'frjemd' ôffal ymportearre wurde. De FNP wol in oersjoch fan de ûntwikkelingen mei it ôffal yn Fryslân.

 

 

Nij belied fan Den Haag en Brussel giet ek út fan it foarkommen en wer brûken fan ôffal as grûnstof yn it foarste plak. Ferbrânen en slepen mei frjemd ôffal komme dêrby op it alderlêste plak. De FNP freget him dan ek ôf hoe't it útstappen fan gemeenten út Omrin en de ekonomyske ûntwikkelingen útwurkje op it provinsjaal miljeubelied.

 

Ûnderwilens hat it Kolleezje antwurd jûn op dizze fragen. It komt der op del dat de Provinsje allinnich ferantwurdlik is foar de miljeufergunning: 'Wy geane net oer nut en needsaak of de bedriuwsekonomyske ôfwaging om al dan net in ûne te bouwen'. Dat mei dan sa wêze, mar it antwurd giet foarby oan de ûnrêst dy't der by guon oandielhâlders en it publyk ûntstien is oer de REC. Dêroer is op 16 desimber yn Provinsjale Steaten in debat fierd.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling