FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Slagge wurkbesite Achtkarspelen

Steateleden en riedsleden fan de FNP hawwe har foarljochtsje litten oer in tal wichtige projekten yn Achtkarspelen.

As earste wiene se te gast by de Griene Koöperaasje Waddenland yn Bûtenpost. Waddenland makket ynnovative boumaterialen út natuerlike materialen. De FNP fynt de projekten mei miljeufreonlike enerzjyneutrale wenningen tige nijsgjirrich. In pluspunt is neffens harren ek de bydrage oan de lokale ekonomy omdat de materialen yn de regio sels ferboud en ferwurke wurde kinne. Ynkoarten wurde yn Drachten trije fan dizze wenten boud.

 

 

Op De Harkema krigen de politisy in tige ynspirearjend ferhaal fan direkteur Willem Wouda fan basisskoalle 't Holdersnêst. De skoalle is dwaande om folslein trijetalich te wurden. De FNP-ers makken in Ingelske les mei  troch in fan hûs-út Ingelsk sprekkende dosint. Yn it petear mei de learkrêften waard dúdlik dat it de skoalle net allinnich om de taal giet. Se wolle de bern ek graach in stikje besef fan eigen identiteit mei jaan. Sa komme se letter stevich yn de skuon te stean yn de maatskippij. Dizze trijetalige skoalle is dêrmei neffens de Steateleden in foarbyld foar de hiele provinsje.

 

 

De rieds-en steateleden wiene fierder noch yn Koatstertille. Yn doarpshûs Tillehûs waarden se bypraat oer de plannen foar it P.M.-kanaal by Skûlenboarch / Koatstertille Westkern. Der lizze ek grutte kânsen foar in streekeigen toeristyske ûntwikkeling, stelde de delegaasje fêst nei in presintaasje fan de Stifting Bûtengebiet Droegeham e.o.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling