FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Kilometerheffing

Regio net betelje litte foar files yn de Rânestêd

De Steatefraksje fan de FNP wol konkreet útrekkene sjen wat in automobilist yn Fryslân aanst betellet mei de kilometerheffing fergelike mei ien yn de Rânestêd. De FNP wol net dat de regio mear betellet omdat de ôfstannen hjir grutter binne. De fraksje hat skriftlike fragen steld mei dit boadskip. De deis nei it stellen fan dizze fragen kaam it Kolleezje fan DS al fanwegen: dit ûndersyk komt der!

 

 

De FNP wol fan deputearre Adema in tal konkrete foarbylden sjen wat in ynwenner fan Balk, De Lemmer of Dokkum, dy't yn Ljouwert wurket, aanst betellet as hy mei de auto giet. De partij wiist der op dat it gros fan de minsken yn de provinsje foar boadskippen, wurk en oare saken op de auto oanwiisd is. Fierder soe de deputearre it wetsûntwerp en de taljochting fan de minister neiplúzje litte moatte. Sa wol de FNP dúdlikheid oft der yndied sprake is fan in prinsipieel ûnearlike ferdieling fan de lêsten tusken ynwenners fan Regio en Rânestêd.

 

Steatelid Marten van der Veen fan de FNP nimt op basis fan de reaksjes fan it Kolleezje yn de parse oan dat de deputearre stride sil om in eventuele ûngelikense behanneling fan de Fryske automobilist mei de kilometerheffing tsjin te gean. Yn de taljochting op de nije wet stiet dat de ûnderhannelingen tusken de provinsjes en it Ryk noch begjinne moatte. De FNP wol dat ynset wurdt op in spesjaal taryf foar de Fryske wegen. De wet hâldt al rekkening mei sa'n differinsjaasje.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling