FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Wer fragen oer asfaltsintrale

De deputearre jout gjin konkrete antwurden, derom stelt de FNP nije fragen oer it plan foar in asfaltsintrale by Ljouwert.

De fraksje fielde him ôfsâlte troch de antwurden op foarige fragen. De FNP woe witte wêrom in asfaltsintrale by Skinkenskâns yn de 'duorsume' opset fan it nije bedriuwsterrein Nieuw Stroomland past. De deputearren Konst (romtlike oardering) en Adema (miljeu) hawwe hjir gjin konkrete arguminten foar jûn.

 

Yn de antwurden op Steatefragen fan 11 oktober skriuwt it Kolleezje dat it inisjatyf fan de Asfaltsintrale as gaadlik en 'duorsum' beoardiele waard. It soe passe yn de útgongspunten fan de Haadlinenotysje dêr't de gemeenten en de Provinsje it belied foar Nieuw Stroomland yn fêstlein hawwe.

 

It Kolleezje hat lykwols gjin konkrete, kontrolearbere arguminten  jûn neffens Pytsje de Graaf: 'Wy moatte mar oannimme dat it sa is, mar wy witte noch hieltyd net wat ûnder in duorsume asfaltfabryk ferstien wurdt. It liket der op dat wy ôfsâlte wurde mei neatsizzende antwurden. It is ek net helder hokker oerheid no krekt de lûker is fan de stjoergroep Nieuw Stroomland. Wa bepaalt no eins de aginda en wa beoardielt de oanfragen fan bedriuwen dy't har hjir festigje wolle? Is dat Ljouwert of de Provinsje?'

 

 

Eefkes letter liezen wy yn de krante dat it Kolleezje no earst in maatskiplike kosten-baten analyze opstelle lit foar de asfaltsintrale. It liket der op dat der yndied gjin feitlike ûnderbouwing wie foar de 'gaadlike' beoardieling fan it plan yn earste ynstânsje. It is ek dúdlik wurden dat sa'n fabryk in negative útstrieling hat foar it 'duorsume' imago fan Nieuw Stroomland. Sa hawwe de inisjatyfnimmers fan in duorsume wenmienskip har al werom lutsen, neffens eigen sizzen mei omdat in asfaltfabryk net past by it griene plaatsje dat har foar eagen stie. Ûnderwilens sitte gemeente en Provinsje klem mei Nieuw Stroomland omdat de inisjatyfnimmer fan de asfaltsintrale (Oosterhof-Holman) grutte grûnposysjes yn it gebiet hat. It lêste wurd is hjir dus noch net oer sprutsen.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling