FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Frijwilligerswurk

FNP komt op foar frijwilligers maatskiplike organisaasjes

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de ynset fan frijwilligers by it Sosjaal Ynvestearings Fûns (SIF) fan de Provinsje. It docht bliken dat de regeling foar de ynset fan wurkoeren fan frijwilligers nei 3 jier diskusje noch hieltyd net oanpast is. De organisaasjes binne ek noch net op de hichte brocht. De FNP wol dat deputearre Schokker no faasje makket.

 

 1 euro De FNP hat yn Provinsjale Steaten jierrenlang striid fierd om de ynset fan frijwilligerswurk as ko-finansiering mooglik te meitsjen. Op 12 desimber 2007 hawwe Provinsjale Steaten in moasje oannommen om it mooglik te meitsjen, dat foar SIF-projekten de oeren fan it frijwilligerswurk ynset wurde kinne lyk as dat ek by plattelânsprojekten al jierren wizânsje is.  

 

Op 7 oktober 2009 hat DS in brief stjoerd oan PS mei de meidieling, dat sy binnen it SIF de nedige artikels út it pMJP (mearjierrenplan Lanlik Gebiet) oernommen hawwe om it kapitalisearjen fan frijwilligerswurk mooglik te meitsjen. Dêr wurdt op dit stuit noch hieltyd oan wurke. De FNP is fan betinken dat it allegear fierstente lang duorret. De deputearre krijt de fraach om it noch foar de simmer te regeljen.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling