FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Gebietsplan NW-Fryslân

Gebietsplan NW-Fryslân oanpasse oan ekstra boaiemdelgong.

De FNP is fan betinken dat it ûntwerp gebietsplan Noardwest Fryslân net fierder kin salang't it winnen fan ekstra sâlt net fuortdaliks stopsetten wurdt. Boppedat moatte de nijste feiten oangeande de boaiemdelgong as gefolch fan resinte winning fan sâlt en gas ferwurke wêze. Wurdfierder Douwe Bijlsma is dêr net gerêst op sjoen de meidieling yn it gebietsplan dat de ûndersyksresultaten ein 2009/begjin 2010 troch buro Oranjewâld ‘nog enigszins wijzigen'. It kin neffens Bijlsma net sa wêze dat in plan de ynspraak yngiet dat net folslein is.

 

Nei oanlieding fan it winterwaar hat minister Van der Hoeven (CDA) besletten om FRISIA  tastimming te jaan om út de sletten put Bas 1 100.000 ton ekstra sâlt te winnen. Dêrnjonken hat desimber 2009 bliken dien dat de wize fan mjitten troch ‘Staatstoezicht op de Mijnen' foar gjin kanten doogde. Unôfhinklik saakkundige Adriaan Houtenbos hat nei jierren lang ûndersyk it gelyk oan syn kant krigen.  De boaiemdelgong is folle grutter as earder oan nommen waard. Fansels hawwe dizze nije feiten ynfloed op de te nimmen maatregels en de kosten en heare dêrom thús yn it gebietsplan.

 

1 NW Fryslân 1  1 NW Fryslân 2



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling