FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Nijs út de Steaten fan 21 april

Takendiskusje mei Provinsje Plus, Merk Fryslân en Natuer-en Lânskipsbehear

Takendiskusje

De FNP kaam mei in eigen senario foar de bestjoerlike takomst fan Fryslân: de Provinsje Plus. Eleminten hjirút sille brûkt wurde foar de útwurking fan it saneamde 4e senario mei de Koöperaasje Fryslân, sa sei de deputearre. In steatebrede moasje waard oannommen dat Fryslân as selsstannige provinsje net ferdwine mei, dat foech en middels oer it Frysk fan it Ryk oan Fryslân oerdroegen wurde moatte, en dat de Provinsje in eigen belestingdomein hâlde moat. In FNP moasje oer it behâld fan Fryslân as ien feilichheidsregio krige ek unanime stipe.

 

 1 kij yn it lân Merk Fryslân

De FNP is akkoart gong mei it opstellen fan in plan om Fryslân better en ienriediger nei bûten ta te ‘ferkeapjen'. Wy sjogge it nut fan dizze doelstelling, sei Johannes Kramer. Wol wiene der noch de nedige kanttekeningen oer de personielskosten en de krekte doelgroep. As der letter dit jier net in konkretere útwurking leit kinne de Steaten beslute om dit djoere plan net troch te setten.

 
 1 logo Bosk en Greide Natuer- en Lânskipsbehear

Douwe Bijlsma hat de soargen útere dy't de fraksje hat oer it effekt fan it nije stelsel foar natuer-en lânskipsbehear. Der moast wol in nije feroardering oannommen wurde. Mar ûnderwilens klaagje boeren en natuerbehearsferienings oer de burokratyske lêst. Mei de greidefûgels giet it hieltyd minder. De FNP stiet oan op in goede evaluaasje, oft it belestingjild noch wol yn de goede maatregels stutsen wurdt. De deputearre hat tasein de Steaten by sa'n evaluaasje te belûken yn de rin fan 2010. Bijlsma wie ek wiis mei de tasizzing fan de deputearre om op koarte termyn apart mei Bosk en Greide yn Gaasterlân te praten.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling