FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Nijs út Steaten fan 17 maart

Reservearingssônes seediken, Bouwurk, CO2 yn Fryske boaiem, Mar Aldegea

 

1 seedyk 

Reservearingssônes seediken

Douwe Bijlsma hat deputearre Konst ferge op de útfiering fan in moasje dy't oannaam is by it Wetterhúshâldingsplan.

De reservearing foar bredere seediken soe plakfine oan de bûtenkant. Binnendyks binne der oars in soad problemen te ferwachtsjen mei besteande bebouwing. De FNP hat sinjalen dat der no dochs problemen komme binnendyks yn Dongeradiel. Deputearre Konst antwurdet dat de moasje útfierd wurdt sa't dy bedoeld is en dat hy gjin sinjalen hat dat besteande hûzen en bedriuwen yn de knipe komme.  

 

Bouwurk

Johannes Kramer wiist it Kolleezje der op dat nije útstellen lykas no by Bouwurk net thús hearre yn de finansjele bestjoersrapportaazje. Se kinne net eefkes der yn fytst wurde mei in begruttingswiziging. Nije útstellen hearre apart foarlein te wurden oan de Steaten. Deputearre Galema jout him gelyk en seit dat hy tenei skerp wêze sil op in suvere skieding fan rapportaazjes en nije beliedsútstellen.

  

CO2 yn Fryske Boaiem

It Kolleezje fan DS hie as stânpunt dat Fryslân net meiwurkje sil oan de opslach fan CO2 yn de Fryske boaiem. In stânpunt sûnder betingsten dêr't de FNP it alhiel mei iens wêze koe, sa sei wurdfierder Pytsje de Graaf. No kaam de PvdA mei in amendemint om 'vooralsnog' net mei te wurkjen oan CO2 opslach en mei de resultaten fan de proef yn Barendrecht in maatskiplik debat te fieren. It Kolleezje hat dit amendemint sûnder al te folle plichtpleging oernaam.

Mei dizze weromlûkende bewegingen en betingsten komt de doar foar de koalysje dochs wer iepen te stean foar meiwurking oan CO2 opslach yn de Fryske boaiem. Reden foar de FNP om as ienichste partij om prinsipiële reden tsjin te stimmen.

 

 1 Smelle Ie

Mar Aldegea

It Kolleezje wol in grut stik wetter oanlizze by Aldegea (Sm.). Offisjeel is it doel rekreaasje en wetterberging, mar yn feite giet it om in grutte sânwinput foar de oanlis fan de Sintrale As. De romtlike proseduere wie foar de FNP dizenich. Ek die bliken dat Smellingerlân net fan doel is ek mar ien sint mei te beteljen. Deputearre Konst waard ferge troch de Steaten en it die bliken dat der net iens in yntinsjeferklearring fan de dielnimmende oerheden is. In smelle basis om sa'n yngripend projekt mei útein te setten. Konst waard dan ek twongen om it útstel foarearst werom te nimmen. 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling