FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Fryslân, lân fan taal

Steatekommisje Boarger en Mienskip bypraat oer it wurk fan de Afûk. It giet de Afûk om taaloerdracht en taalpromoasje.

Fryslân, lân fan Taal

 

Woansdei 2 desimber binne de leden fan de Steatekommisje Boarger en Mienskip bypraat oer it wurk fan de Afûk. It giet de organisaasje om taaloerdracht en taalpromoasje yn ûnderwiis en yn húshâldings. It earder op inisjatyf fan de FNP ûntwikkele 'taaltaske' is in middel om âlders oan it tinken te setten oer de taal, dy't sy mei harren bern brûke wolle.

Men wie fan miening, dat it foech oer de Fryske taal en kultuer earst mar ris nei de provinsje moat ear't der ynfolling jûn wurde kin oan bygelyks in taalsintrum (Language Board).

 

Praat mar Frysk

Njonken it bekende Afûk-wurk wiene der ek in tal saken, dy't tige opfoelen. Sa die Mirjam Vellinga ferslach fan har krewearjen om bedriuwen, ynstellings en ferienings safier te krijen, dat sy har mear yn it Frysk profilearje en uterje, de 'praat mar Frysk' kampanje. It giet derby net allinnich om de taal mar ek om it belûken fan it doarp as it gea by dit profilearjen. De kampanje wurdt stipe mei in grut tal ynformaasje-folders en stikkers Sa makket men dúdlik  dat men de klant (as de leden) yn it Frysk te wurd stean kin en wol. In grut tal bedriuwen, ynstellings en ferienings hat him yntusken by de kampanje oansletten en makket gebrûk fan it materiaal. In tal wichtige ambassadeurs fan de kampanje binne Doutzen Kroes, Foppe de Haan en Wout Zijlstra.

Lân fan Taal

In oar projekt, dêr't by de Afûk yn de mande mei in grut tal organisaasjes oan wurke wurdt, hat de namme "Fryslân, lân fan taal" krigen. It is in idee, dat yn it ramt fan de Fryske Fiersichten ûntstien is en fierder stal kriget yn it ramt fan de "Kulturele Haadstêd 2018". It moat in multimediale syktocht wurde, foar Friezen en net-Friezen (toeristen), om 4 tema's hinne: identiteit (wa bin ik en wer kom ik wei), mienskip (wat ferbynt ús), taal (kommunikaasje en wat betsjut de taal foar de identiteit) en ekspresje (muzyk, toaniel, literatuer). Dizze tema's moatte yn de takomst stal krije yn in gebou (ûnder de reek fan de Aldehou?) om te belibjen en sjen te litten, in manifestaasje fan Fryslân. Der moat lykwols noch hiel wat barre ear't dit idee ek echt hannen en fuotten kriget!

 

Auke Bijlsma

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling