FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Nijs út de Steaten fan 10 febrewaris

Noardwesttangent, N381, werprioritearing RSP-ZZL pakket; parkeargaraazje Provinsjehûs, Nota Erfguod en ynterpellaasje REC

Noardwesttangent

De FNP wol dat de Noardwesttangent útfierd wurdt lykas tasein oan de gemeenten. De provinsje lykwols hie rekkenflaters makke wêrtroch de kosten no slim heger útfalle. Deputearre Adema woe dêrom in fersobere oanlis. Yn it bysûnder de gemeente Menameradiel wurdt hjirtroch net mear temjitte kaam.

Dus gjin ûngelykflierse krusingen en in minder goede ynpassing yn it lânskip. De fraksje tsjinne in amendemint yn foar útfiering fan de oarspronklik taseine plannen, dat fersmiten waard.  De FNP hat dêrom tsjin de realisaasje fan de Noardwesttangent stimd.

 

 7 logo oanpast

Realisaasjebeslút N381

Nei in soad reboelje yn eardere debatten kaam der troch stipe fan de koalysje dochs noch in 2x2 baans trasee. De FNP hat hjir altyd fûl op tsjin west, fanwege it lânskip en fanwege de hegere kosten. Reden om ek tsjin dit asfalt-projekt te stimmen.

 

Werprioritearing RSP-ZZL pakket

It Kolleezje hie opdracht krigen om te sjen wêr't skrast en fersobere wurde koe yn it Suderseelinepakket, om sa jild frij te meitsjen foar echte prioriteiten yn it Programma Ferkear en Ferfier. Mar yn stee fan te skrassen barde it foljende. De koalysje fan PvdA, CDA en CU kaam mei útstellen om fan it besparre bedrach leafst € 45 miljoen daliks wer út te jaan. De regearjende partijen krigen allegear € 15 miljoen; it CDA 15 mln foar 2x2 baans N381 tusken Drachten en Donkerbroek, de PvdA 15 mln foar in ekstra ynvestearing yn it iepenbier ferfier en de ChristenUnie 15 mln om in akwadukt op'e Lemmer mei te beteljen.

In beskamsume greep yn de kas neffens guon fraksjes. De FNP hat mei oertsjûging tsjin stimd fanwege dizze gong fan saken.

 

1 parkeren  Parkeargaraazje Provinsjehûs

It beslút is naam om de bou fan de parkeargaraazje oan de gemeente oer te litten. De Provinsje wurdt dan hierder. Der wiene nochal wat betinkingen by dit útstel, ek út de FNP wei. Sa ferge Johannes Kramer deputearre Schokker op it krekte tal parkearplakken dat der komme sil. Dat is noch net dúdlik wurden. Wol is yn elts gefal dúdlik dat it minder wurdt as by de hjoeddeistige sitewaasje by it stasjon yn Ljouwert. In hiel ferfelende saak is ek dat de parkeargaraazje pas klear is as it nije Provinsjehûs al wer in jier draait. It is noch net folslein dúdlik wat der yn de tuskentiid barre sil.

Hoe dan ek, de partijen, ek de FNP, koene net oars as ynstimme omdat der oars hielendal gjin eigen parkearromte by it Provinsjehûs komt. En dat kinne wy gasten en personiel net oandwaan.

 

Nota Erfguod

De nije nota erfguod foar Argeology, Monumintesoarch en Kultuerhistoarje hat de FNP in aktive bydrage oan levere.

Wurdfierder Douwe Bijlsma woe mei in moasje mear dúdlikheid krije fan deputearre Jannewietske de Vries wat no krekt it provinsjaal belang fan dizze saken is.  De FNP kaam ek mei in amendemint om it behâld fan argeologyske fynplakken te befoarderjen troch in heger grûnwetterpeil.  Neidat de deputearre hjir tasizzingen oer dien hie, koene de útstellen ynlutsen wurde. De FNP stipet fierder oer it generaal dit belied fan herte. De nota waard mei algemiene stimmen oannaam.

 

Ynterpellaasje REC Omrin

Mei de SP en Grienlinks hat de FNP deputearre Adema befrege oer de miljeufergunning fan de REC yn Harns.

It wie net de earste kear dat de REC ûnderwerp fan in fûl debat yn de Steaten wie.

Adema wie lykwols net ree om in taseine evaluaasje oer it rommelige proses oant no ta betider út te bringen. In moasje datoangeande fan de fraksjes waard dan ek fersmiten.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling