FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

FNP skoart knap yn Steaten 2009

Tige betûfte fraksje wurket polityk effektyf gear.

De FNP hat 22 kear skriftlike fragen steld oan it Kolleezje yn 2009. Dat is 24% fan it totaal fan 93 yn de hiele Steaten. Fan de 63 fragen út de opposysje wei hat de FNP sadwaande in oandiel fan 35%.  Dat docht bliken út it Jierferslach fan de Griffy oer 2009.

 

Fan de 216 moasjes en amendeminten yn de Steaten hat de FNP der 43 levere (20%). Fan dy 43 is mear as de helte (17) yn de mande mei oare partijen en fan dy 17 útstellen binne der mar leafst 15 oannommen of oernaam troch it Kolleezje.

 

It tal fragen is mear as op grûn fan it tal steatesitten (12%) ferwachte wurde koe en it befêstiget de rol fan de FNP as opposysjelieder. Foargeande jierren lieten in selde byld sjen. Wat de moasjes en amendeminten oangiet lit it resultaat sjen dat de FNP in tige betûfte Steatefraksje hat, dy't wend is om polityk effektyf gear te wurkjen mei de oare partijen.

 

1 de hiele fraksje fan boppe of oanpast1



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling