FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Johannes Kramer sjocht foarút nei 2011: de Trend brekke

It wurdt foar it Kolleezje noch in hiele hijs om de beloften fan it Koersdokumint, in Griener, Sosjaler en Frysker Fryslân, noch wier te meitsjen.

De koalysje hat dêr feitlik allinnich noch it lêste jier fan dizze Steateperioade foar. In soad saken binne let yn gong set. Lykas de Fryske Universiteit, dêr't de FNP by de ferkiezingen foar pleite hat en doe by de koalysjefoarming troch de oare partijen ek omearme is. In oar foarbyld binne de grutte ambysjes op it mêd fan duorsumheid, dêr't de FNP fan herte mei ynstimd hat.

 

Lykwols der komt yn 2011 en letter finansjeel swier waar oan foar de provinsje. It is dêrom noch mar hielendal de fraach oft der fan dat nije strukturele belied wol genôch op de hispel komme kin. Dêr komt noch by dat de sittende koalysje trochgien is mei djoer besteand belied, de ynset op grutte ynfrastrukturele projekten. Projekten dy't net sa grien binne, in diskutabele bydrage oan de strukturele wurkgelegenheid leverje, mar wol hiel djoer útfalle. Der is in ûnbalâns tusken it provinsjale Programma Ferkear en de ynvestearringen yn ‘Grien en Frysk', sa stelde Kramer yn syn taspraak fêst. Dizze âlde trend sil no echt brutsen wurde moatte, sa wie syn konklúzje.

 

Lês hjir de bydrage fan Johannes Kramer.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling