FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Fryslân Kulturele Haadstêd

De FNP stipet it stribjen fan de Provinsje om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden.

De FNP stipet fan herte it stribjen fan de provinsje Fryslân om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. Lykas al oankundige yn de Kommisje hie de fraksje, mei de measte oare partijen, wol syn betingsten by de fierdere útwurking fan de plannen. It moat allegear noch konkreet útwurke wurde en der moat foar Fryslân ek wat fan de ynvestearrings oerbliuwe as wy gjin kulturele haadstêd wurde kinne. Ek moat de evaluaasje fan it eardere Frysk Festival noch yngreven besprutsen wurde yn PS. Dizze betingsten fan de Steaten hat de FNP ferwurde yn in amendemint. Dit wizigingsútstel koe wer ynlutsen wurde nei dat de deputearre tasein hie dat se jierliks by de Steaten werom komt mei in wurkplan.

 

Ein 2010 komt it earste útwurke jierplan werom yn de Steaten. In jier letter is dan it definitive 'go-no-go' momint. Dan sil ek bliken dwaan oft Fryslân him wier as regio kandidearje mei. De Steaten hawwe foar de plannen 1,2 miljoen it jier útlutsen.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling