FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

It Tredde Wetterhúshâldingsplan

Wurdfierder Douwe Bijlsma hie súkses mei ferskate moasjes oer it Wetterhúshâldingsplan.

Reservearring ferbreding seediken bûtendyks

In moasje oer de reservearringssônes fan de seediken, mei ûnderskreaun troch VVD en SP, krige ek noch stipe fan CDA en Grienlinks. Genôch foar in royale mearderheid. De moasje freget it Kolleezje fan DS om by de begrinzing fan de reservearringssônes foar de primêre wetterkearingen út te gean fan reservearring bûtendyks dêr't in foarlân / kwelder oanwêzich is. Dat is oan de Fryske Waadkust fan Swarte Hoanne oan en mei de Bantpolder.

 

 

De deputearre hat tasein om mei de oanbelangjende gemeenten yn oerlis te gean. Dy moatte it nije belied yn harren bestimmingsplannen ferwurkje.

 

Wetterbelied: funksje folget peil?

De FNP hat nei oanpassing in wêzenlik amendemint op it Wetterhúshâldingsplan, yntsjinne troch de PvdA, mei ûnderskreaun. Peil folget funksje bliuwt útgongspunt, mar by peilferoaringen sil in bredere ôfwaging makke wurde as oant no ta. It amendemint seit dat it peilbehear no rjochte wêze moat op it foarkommen fan negative effekten op natuer, bebouwing en lânbou. Tink oan pealrot by partikuliere wenten, it ferdroegjen fan natuergebieten en it fersneld sakjen fan it meanfjild troch djipûntwettering.

 

Foar in mearderheid fan de Steaten beheart it weroerwaagjen fan funksjes ta de mooglikheden. De FNP wol net dat it Lege Midden fan Fryslân ferlern giet en oan it wetter priis jûn wurdt. Dan kin der fan lânbou gjin sprake mear wêze en dat wolle wy net. De FNP sjocht mear yn kânsen foar 'griene en blauwe tsjinsten' en partikulier natoerbehear troch boeren. It giet dan bygelyks om subsydzje foar natuer- en lânskipsbehear en wetterberging dy't in ekonomysk duorsum bestean mooglik meitsje. It debat oer hegere simmerpeilen is noch folslein iepen en sil pas fierd wurde as de risseltaten fan de proeven fan "Fean-Wetter-Buorkje" bekend binne.

 

 

De deputearre hat by dit punt ûnder druk fan PS ek tasein dat se no ein novimber mei in skearegeling foar de pealrot yn de Kommisje komme sil.

 

         

 

 

Dunen en dykringen op de eilannen

Der is al jierren argewaasje fan bewenners en lânbrûkers op de eilannen omdat in part fan it lân en de (rekreaasje)wenten offisjeel bûten de wetterkearing, de saneamde dykring falt. De FNP hat no mei súkses in moasje troch de Steaten loadst dy't freget om de dykring rommer te lizzen,  bygelyks by de bûtenste dunen of kaden. Sa kin bygelyks it bedriuwsterrein op Flylân of de rekreaasjewenten by Duinoord op It Amelân better beskerme wurde tsjin heech wetter. In juridyske rjochtsûngelykheid mei ynwenners dy't altyd al efter de primêre seekearing sieten kin dêrmei rjocht lutsen wurde. De deputearre sjocht dit as in stipe fan PS foar har oerlis mei it Ryk.

 

 

Sjoch hjir foar it hiele dokumint Wetterhúshâldingsplan. 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling