FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

FNP moasje bestjoerskrêft Boarnsterhim krijt mearderheid

Yn de provinsjale begrutting is jild útlutsen foar ûndersiken by it fersterkjen fan de bestjoerskrêft fan de Fryske gemeenten.

De FNP hat in útstel dien om in analyze te meitsjen fan de ûntwikkeling fan de bestjoerskrêft yn Boarnsterhim troch de jierren hinne.

 

Lykas bekend is yn Boarnsterhim nei de weryndieling fan 1984 nea de krêftige sintrale wettersportgemeente ûnstien sa't dy foarspegele wie. Johannes Kramer bepleite om de lessen út dizze ûntwikkeling te brûken by eventuele nije plannen foar gemeentlike werferkaveling. De moasje krige in romme mearderheid fan FNP, PvdA, VVD, SP en Grienlinks.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling