FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Fûl debat oer REC Omrin

FNP, Grienlinks en SP hiene in ynterpellaasje oanfrege oer de ynformaasjefoarsjenning troch it Kolleezje oer de REC ôffaloven fan Omrin yn Harns. Deputearre Adema waard nei in grut tal fragen yn in fûl debat oansprutsen op syn oanpak fan de kommunikaasje. De deputearre joech ta dat hy fouten makke hie en dat it dêrtroch allegear net better wurden is.

Jo kinne it debat nochris besjen op

http://fryslan.stateninformatie.nl/?Commissie=430

 

De FNP en de oare yntsjinners wiene fan betinken dat it hâlden en dragen fan de deputearre de maatskiplike en politike ûnrêst ûnnedich fergrutte hat. SP en Grienlinks lutsen dêr de konklúzje út dat der gjin betrouwen mear wêze kin yn de deputearre en tsjinnen in moasje fan wantrouwen yn.

In moasje fan ôfkarring fan de FNP krige de stimmen fan VVD, SP en Grienlinks mei. Omdat ek PvdA en CDA ('ééns maar nooit weer') yn harren reaksjes dúdlik net tefreden wiene hat de deputearre sadwaande in swiere warskôging hân fan de Steaten. FNP fraksjefoarsitter Kramer kwalifisearre it nei ôfrin fan it debat as in 'donkergiele kaart' en in 'oansketten' deputearre.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling