FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Lânbounota

It moat hielendal oars mei it provinsjale lânboubelied.

It opstellen fan in nij lânboubelied troch de Provinsje sil hielendal oars. Dat wie de útkomst fan in debat weryn nochal wat hottefile waard oer de wurkwize dy't it Kolleezje neffens de Steaten folgje moat. Yn stee fan alderhande lytse en grutte tema's moat der dúdliker keazen wurde, sa ornearren de partijen. Ek moatte de Steaten earst prate oer de evaluaasje fan it âlde belied en moat der in dúdlike analyze lizze. FNP wurdfierder Pytsje de Graaf wist in amendemint - wizigingsútstel - oernommen te krijen troch it Kolleezje.

 

pytsje lyts

Earder hie de deputearre al tasizzingen dien bygelyks oer in fisy op mega-bedriuwen en ljochthinder troch nije iepen stâlen. Dêr komt no de tasizzing by dat de biologyske lânbou in foaroansteand plak krijt yn de nije lânbounota. De FNP is dêr wiis mei en sil it Kolleezje oan de tasizzingen hâlde. 

 

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling